Gemeenten wrakselje mei coronafeilich stimme, opbou stimhokjes kostet ekstra tiid

Hoe kinne we nije wike feilich stimme? Dat is de fraach dêr't Fryske gemeenten mei wrakselje. Op ferskate plakken is freed úteinset mei it ynrjochtsjen fan de stimlokalen. Fanwege de coronamaatregels betsjut dat in soad ekstra wurk.
Opbou stimhokjes kostet ekstra tiid troch corona
"Gewoanwei kom ik op de dei fan de ferkiezingen in oerke foar't we iepengean en dan kin ik rêstich in stimlokaal opbouwe. Mar dit jier is dat efkes oars", seit foarsitter Jan Reinsma fan it stimburo op it âlde gemeentehûs yn Balk. It is ien fan de stimburo's fan De Fryske Marren dy't freed ynrjochte waarden, om op tiid klear te wêzen foar de Twadde Keamerferkiezingen.
De ferkiezingen binne offisjeel pas woansdei, mar op moandei kin der yn guon stimburo's ek al stimd wurde fanwege de coronapandemy. En om dat feilich te dwaan binne der tal fan ekstra maatregels naam op de ferskate stimlokaasjes.
"It measte wurk sit altyd yn it opbouwen fan de stimhokjes. Fierders moatte we noch wat hinne en wer skowe mei de stimbus en mei wat taffeltsjes en stuoltsjes, mar dat is it dan ek", seit Reitsma. "Mar dit kear ha we te krijen mei kuchskermen, 'looplijnen' en fan dy skjinmakpeallen."
It stimburo sjocht der dan ek echt wol oars as oars út. Sa stiet alles fierder útinoar en jouwe stikkers op de flier oan hoe't elkenien rinne moat.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Neffens Alie Bremer fan gemeente De Fryske Marren makket dat it stimmen takommend wike feilich, mar it hat wol gefolgen hân foar guon stimburo's. "Op fjouwer lokaasjes wie der net genôch romte foar de oardel meter. Dus dêr binne oare lokaasjes foar socht." Om de drokte op woansdei wat te ferlichtsjen, kin der ûnder oare yn Balk ek al stimd wurde op moandei en tiisdei. "En op woansdei sette we in soart ferkearregelers yn, om te soargjen dat de drokte wat spraat wurdt."
Yn de stimburo's moatte ek mûlkapkes droegen wurde. Wa't dat net docht, kin yn prinsipe net stimme. "We binne fansels gjin boa of plysje, mar we freegje wol oan elkenien om in mûlkapke op te dwaan. Feiligens giet úteinlik boppe alles", sa seit Reitsma. Allinich as ien in medyske reden hat foar it net dragen fan in mûlkapke kin fan de regels ôfwykt wurde.