Q&A: Hoe wie it coronajier foar in ferslachjouwer fan Omrop Fryslân?

12 mrt 2021 - 18:14

"It wurkjen mei sa'n stôk makket it net leuker. It hellet de ynteraksje út ynterviews", seit ferslachjouwer Hayo Bootsma, as hy weromsjocht op syn wurk fan it ôfrûne jier. It is no ien jier lyn dat ek de meiwurkers fan Omrop Fryslân harren oanpasse moasten oan de coronamaatregels.

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Wat wie dyn earste corona-opdracht it ôfrune jier?

"Dat wie eins al foar it útbrekken fan de echte krisis. Ik makke in ferhaal oer de diskriminaasje fan Aziatyske studinten yn Ljouwert en Fryslân. Hoe't har saken neiroppen waarden oer corona."

Hiest fuortendaliks yn 'e gaten hoe 'grut' oft dit wurde soe?

"Nei dat ferhaal oer de Sineeske studinten hie ik al in fermoeden. Ien fan de froulju dêr't ik mei prate, fertelde my dat Wuhan (de Sineeske stêd, dêr't it coronafirus foar it earst útbruts; red.) it Utrecht fan Sina en dêrnjonken ek in hannelssintrum is. Dan witte je dat it in kwestje fan tiid is dat it hjir komt."

Do hast yn sikehuzen west, yn soarchsintra. Hast wolris bang west sels besmet te reitsjen?

"Nee, ik ha sels dy soarch nea hân. Ik ha filme op de IC fan it MCL en dat wie, neffens de minsken dêr, feiliger as winkelje. Ik meitsje my gjin yllúzjes. Ik ha trije bern dy't op skoalle sitte. De kâns dat je it oprinne, is der gewoan. It is mear de fraach wannear as of."

Hoe is dyn wurk feroare yn de ôfrûne moannen?

"Hiel bot. It persoanlike kontakt dat je mei minsken ha as je se ynterviewe, is oars. Guon ynterviews dogge je online. Ek it wurkjen mei sa'n stôk makket it net leuker. It hellet de ynteraksje út ynterviews. Mar, al mei al kin ik myn wurk goed dwaan."

Hokker reportaazje of ynterview hat dit jier it measte yndruk op dy makke?

"Dat is it ferhaal dat ik makke ha op de post-coronapoly fan sikehûs MCL. Dêr waard in man holpen dy't hast like âld is as ik en hy koe kwealik wat tille. En in frou yn de bloei fan har libben dy't altyd fit wie, mar no nei in heale dei wurkjen al skjin oan 'e ein is. Dêr seach ik wat de gefolgen wêze kinne. Mar ek in ferhaal lykas Berchhiem yn Burgum. Dat op ien ôfdieling 20 persint fan de minsken stoarn is oan corona. Dat komt wol oan."

It liket oft it ôfrûne jier in oanienskeakeling wie fan negatyf nijs. Hast ek noch moaie dingen sjoen?

"Dat is ien dêr't ik lang oer neitinke moat. Je sjogge dat bedriuwen ynventyf wurde, dat se fan alles betinke om wat dwaan te kinnen. We binne as minsken hiel fleksibel en sykje oplossings. Dat fyn ik moai om te sjen. Ik sjoch dat bern leare op ôfstân te wurkjen. Dat nimme se mei nei de takomst. Mar it thúsûnderwiis hat ek leard dat minsklik kontakt, freonskippen, yn in groep leare te wurkjen echt hiel belangryk is."

"Corona hat kwealik wat moais brocht. It driuwt minsken útinoar, soarget foar iensumens en sjoch nei de ellinde op de skoallen. Ik lit my graach faksinearje en dan hoopje ik echt dat we gau wer gewoan dwaan kinne. De PC op it Sjûkelân, it skûtsjesilen, lekker út iten. Ik snak echt nei it ein fan dit haadstik."

Ferslachjouwer Hayo Bootsma oer syn coronajier

(Advertinsje)
(Advertinsje)