Stiftingsbestjoer Cambuur stapt op, nije leden foar Ried fan Kommissarissen

12 mrt 2021 - 17:56

It Stiftingsbestjoer fan Cambuur stapt op, dat is de útkomst fan in langrinnend ferskil fan miening tusken benammen it Stiftingsbestjoer fan de klup oan de iene kant en de supporters en Businessclub oan de oare kant. Der wie in ynkringend ferskil fan miening tusken de twa groepen oer it proses fan de ynfolling fan de nije organisaasje fan Cambuur.

It Cambuur Stadion - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It Stiftingsbestjoer woe, nei de argewaasje by de kandidaatstelling fan earefoarsitter Ype Smid ferline jier, wol plak meitsje foar nije minsken, mar woe earst sels noch gean oer de beneamingen. Ek oer de beneaming fan nije leden fan de Ried fan Kommissarissen. Supporters en sponsors fine dat soks oer it grêf hinne regearje is en woenen dat it Stiftingsbestjoer opstappe soe en dat der dan sjoen wurde soe nei de ynfolling fan de ferskate nammen.

Partijen yn beried

Tongersdeitejûn hat it Stiftingsbestjoer lang om let gehoar jûn oan de eask fan supporters en sponsors. Alle belutsen partijen hawwe doe by elkoar sitten: It Stiftingsbestjoer, de sponsorgroepen, de businessclub, de Ried fan Kommissarissen en de direksje.

Utkomst fan dit brede beried: Der komt in nij bestjoer dat bestean sil út de folgjende groepen: Ien kandidaat fan de supporters; in kandidaat fan de gemeente Ljouwert; in kandidaat fan de sponsors en twa kandidaten fan de sertifikaathâlders.

Ried fan Kommissarissen

De Ried fan Kommissarissen krijt ek twa nije leden. Jan Koster en Harry van der Zee stappe op. Sy sille nei alle gedachten opfolge wurde troch de by Cambuur bepaald net ûnbekende Harjan van Dam en Marco Hoekstra. Wa't de nije leden fan it stiftingsbestjoer wurde, wolle of kinne de belutsen partijen op dit stuit noch net bekend meitsje.

Businessclubfoarsitter Jan Leegstra, dy't in sintrale rol yn dizze kwestje hie, is bliid dat no lang om let in ein kommen is oan dit skeel. Uteinlik struit hy sels mei kompliminten yn de rjochting fan it Stiftingsbestjoer. Leegstra: "Het Stichtingsbestuur heeft aan alle kanten goed meegedacht in deze kwestie. Wij hebben ze kunnen overtuigen van het feit dat dit de goede weg is."

"Het lag moeilijk. We zijn hier niet voor niets ruim drie maanden mee bezig geweest. Ik ben blij dat het Stichtingsbestuur nu voor de weg heeft gekozen die wij steeds hebben voorgestaan. We moeten nu met nieuw elan richting eredivisie en een nieuw stadion".

Op de fraach wannear't de nije minsken operasjoneel wêze sille, koe Leegstra noch gjin antwurd jaan. "In de stukken die zijn opgemaakt na de vergadering staat dat dit zo snel mogelijk moet gebeuren".

Ferslachjouwer Geert van Tuinen oer de perikels by Cambuur

(Advertinsje)
(Advertinsje)