Ferpleechhûsmeiwurkers ha mear lêst fan burnouts en depresje

12 mrt 2021 - 17:26

Hieltyd mear meiwurkers yn de ferpleechhússoarch reitsje opbaarnd. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Universitêr Medysk Sintrum Grins. Soarchmeiwurkers ha faker lêst fan depressive klachten of in burn-out en it syktefersom is omheech gien.

Foto: Shutterstock.com

Meiwurkers dy't coronapasjinten fersoargje ha mear lêst fan burn-outs en depresje as meiwurkers dy't dat net dogge. "Het is opvallend om te zien hoe hoog die werkdruk leidt tot behoorlijk mentale klachten, die zich uiten in depressieve en burn-out klachten", fertelt heechlearaar âldereingenêskunde Sytse Zuidema.

Sa'n 31 persint fan de soarchmeiwurkers dy't coronapasjinten helpe, ha ien as mear klachten dy't passe by in begjinnende burn-out, en 27 persint hat ien of mear depressive klachten. De útfal troch sykte gie yn in jier tiid omheech fan 7,5 persint nei 8,5 persint.

Wurkdruk en corona

Dat hat foaral te krijen mei in ferhege wurkdruk, tinkt Zuidema. "Natuurlijk heb je als zorgverlener meer taken te doen, ook omdat mensen in het team uitvallen."

"Ook de enorme impact die een coronabesmetting heeft op een zorgverlener. Zeker in de eerste golf toen er een bezoekverbod was, waardoor mensen alleen overlijden. Dat heeft enorme mentale gevolgen", seit Zuidema. Trochdat de krisis lang duorret, wurde de effekten noch grutter. "Je kunt best wel twee of drie weken harder werken, maar als je dat lang doet leidt dat tot langdurige gevolgen."

Fierder ûndersyk

It UMCG bliuwt it ûndersyk kommende tiid ferfolgjen, seit Zuidema. "We zijn nu bezig met de derde ronde van vragenlijsten, om juist te kijken naar de impact die waarschijnlijk nog aan het stijgen is."

Sytse Zuidema

Direkteur-bestjoerder John van Arnhem fan soarchgroep Hof en Hiem kin him fine yn de resultaten fan it ûndersyk. "Werkdruk is één, maar het rare is dat tijdens zo'n corona-uitbraak mensen niet eens praten over werkdruk. Dan komen er krachten los die ongekend zijn, een enorme drive om te zorgen dat die uitbraak zo snel mogelijk onder controle komt."

Neisoarch

Nei de útbraken kamen der lykwols in soad emoasjes boppe. "Dan krijgen mensen de rust en ruimte om zich te realiseren wat er allemaal gebeurd is. Dan ontstaat een enorme behoefte aan nazorg."

Hof en Hiem besiket meiwurkers dêrby te helpen, seit Van Arnhem. "We organiseren gespreksgroepen onder begeleiding van psychologen, om ervoor te zorgen dat onze medewerkers hun angsten, onzekerheden, zorgen en verdriet kunnen delen. Dat zet veel zoden aan de dijk, het voorziet in ieder geval een enorme behoefte."

John van Arnhem

(Advertinsje)
(Advertinsje)