156 nije coronabesmettingen yn Fryslân

12 mrt 2021 - 15:23

It RIVM meldt freed 156 nije coronabesmettingen yn Fryslân. Dat binne der 14 minder as in dei earder, doe wiene der 170 nije besmettingen. Yn de ôfrûne wike binne der alle dagen yn trochsneed 166 besmettingen konstatearre.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn gemeenten Súdwest-Fryslân (29), Ljouwert (28) en Waadhoeke (22).

Yn Fryslân binne der de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen en sikehûsopnamen as gefolch fan it firus meld.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne der 6068 minsken besmet mei it coronafirus yn de ôfrûne 24 oeren. Dat is mear as it gemiddeld fan ôfrûne wike, doe't er gemiddeld 4.774 minsken deis posityf testen en is it heechste tal sûnt healwei jannewaris.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)