UPDATE: Sonken frachtskip Iselmar nei haven Koarnwertersân sleept

12 mrt 2021 - 17:07

It frachtskip dat foar de kust fan Makkum sonk, is nei de haven fan Koarnwertersân sleept. Dat meldt Rykswettersteat. Der wie haast by de berging, omdat der opnij hurde wyn komt. Neffens berger Pieter Bootsma fan Sleepbedrijf Bootsma út Makkum is der gjin skea oan it skip ûntstien en is der gjin sprake fan fersmoarging. It frachtskip, dat sels noch wol farre koe, is ûnder begelieding fan twa sleepboaten nei de haven brocht.

Bylden fan it frachtskip by Makkum

It frachtskip rekke tongersdei yn de problemen troch in hurde stoarm. Rêdingsboaten út Hylpen ha de minsken en in hûn dy't oan board wiene fan it skip helle en nei de fêste wâl brocht.

Lûken binne stikkenslein

Neffens in wurdfierder fan Rykswettersteat is it wetter troch de lûken slein, en is it skip dêrtroch sonken. De lûken binne stikkenslein. Se soene wol ticht sitten ha.

Der sit in lading sâlt yn it skip. Neffens Rykswettersteat is der gjin sâlt yn de Iselmar telâne kaam.

Sleepboat is te lyts

Mear as 24 oeren neidat it skip sonk, lei it noch altyd oan de grûn. De berger melde dat it wetter der út wie, mar dat it skip op de grûn lei, omdat de skipper in ûndjipte op fearn is doe't it skip drige te sinken. De sleepboat dy't der om it middeisoere hinne by lei, koe it skip net fan de ûndjipte ôf krije.

Der waard in gruttere sleepboat ynset, en ek in kraanskip, sadat de lading út it skip helle wurde koe. Dêrtroch kaam it minder djip yn it wetter te lizzen.

Foto: CAMJO media
(Advertinsje)
(Advertinsje)