Meardere ûngelokken op A7 by Beetstersweach
Op de A7 by Beetstersweach hat freedtemiddei efkes file west nei't der meardere ûngelokken barden. By de ûngelokken wiene in frachtwein en meardere persoaneweinen belutsen.
Hoe't de ûngelokken barre koe, is net dúdlik. In berger hellet de auto's fuort. Foar safier bekend rekke der gjinien ferwûne.