Ljouwerter krijt sel- en wurkstraf foar frijheidsberôving en stellerij

12 mrt 2021 - 14:08

In Ljouwerter (38) dy't begjin oktober 2019 in ferstanlik beheinde man in skoftke fan syn frijheid berôve hat en ek jild stellen hat, is freed feroardiele ta in wurkstraf en in finzenisstraf ûnder betingst.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Yn de nacht fan 4 op 5 oktober 2019 naam de Ljouwerter it slachtoffer mei nei in wente oan de Weaze. Wylst hy it slachtoffer twong op de bank plak te nimmen, pinde de Ljouwerter jild mei de pas fan de man. It slachtoffer waard yntusken yn 'e gaten hâlden troch in kennis fan de fertochte.

In wike earder hie de Ljouwerter jild ôfpakt fan ien dy't jild pinde by de automaat oan it Zuiderplein. De man hie 200 fuortpakt en úteinlik 150 euro weromjûn. Nei in skermutseling naaide hy út.

Positive ûntwikkelings net fersteure

De man wie doe drugsferslave. Hy hat yn in klinyk sitten en liket syn libben wer wat op de rit te hawwen. Dy ûntwikkeling woe de rjochtbank net fersteure troch de Ljouwerter opnij nei de finzenis te stjoeren. Hy krige in selstraf lyk oan it foararrest - 74 dagen - plus in jier ûnder betingst.

Fierder moat hy in wurkstraf fan 150 oeren útfiere. De Ljouwerter moat him kontrolearje litte op it gebrûk fan alkohol en ferdôvjende middels en hy moat him by de reklassearring melde. Oan it slachtoffer fan de frijheidsberôving moat hy 500 euro smertejild betelje. De man hat psychyske klachten oan it foarfal oerhâlden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)