Tennisser Sander Arends foar tredde kear yn karriêre nei finale ATP-toernoai

Tennisser Sander Arends stiet dit wykein yn de finale fan it ATP-toernoai fan Marseille. Freedtemiddei wie de Ljouwerter dûbeldspesjalist, mei syn maat David Pel, mei 6-1 en 7-6 te sterk foar de Amerikanen Nathaniel Lammons en Jackson Withrow.
© Orange Pictures
It is de tredde oerwinning dizze wike foar Arends en Pel. De twa hiene in fleanende start yn it duel tsjin de Amerikanen. It Nederlânske duo pakte rap in 3-0 foarsprong, en nei goed tweintich minuten wie de earste set binnen (6-1). De twadde set wie in stik spannender. Dat kaam om't Lammons en Withrow har nivo omheech hellen. Oant 6-6 gie it gelyk op, en dus moast in tiebreak de beslissing bringe.
Yn de tiebreak wie it ferskil tusken de Nederlanners en Amerikanen ek net grut. Uteinlik koene Arends en Pel op 4-4 it ferskil meitsje troch twa kear in punt op de opslach fan Lammons te winnen. Dat ferskil wie genôch foar winst yn de partij.

Tredde ATP-finale

It duo stie noch nea earder yn de finale fan in ATP-toernoai. It is foar Sander Arends de tredde kear yn syn karriêre dat hy yn de finale fan in ATP-toernoai stiet. De earste twa, yn 2017 yn Bastad en yn 2018 yn Antalya, ferlear de Ljouwerter tegearre mei Matwé Middelkoop.
Sander Arends