Freedsmerk oer Twadde Keamerferkiezingen: "It moat net oer corona gean"

"De ferkiezingen moatte net oer corona gean. Dat is allinnich mar in symptoom fan dizze tiid. It giet om wat dêr efter sit. En dus kom ik út by in griene partij." Dat wie ien fan de mieningen op de Ljouwerter freedsmerk, oer de fraach wêr't de Twadde Keamerferkiezingen fan takom wike eins oer gean. Foar in soad minsken wie dat lykwols dochs wol it coronafirus en de oanpak dêrfan.
© Omrop Fryslân, René Koster
Foar in studint wie de basisbeurs it echte spearpunt, foar in oar gie it om in earlikere ferdieling fan it jild, en wer oaren seagen mear nei de persoan. Sa waard Rutte neamd fanwege syn rol as krisismanager en Pieter Omtzigt fanwege syn iepenheid en optreden yn de taslagge-affêre. Fanwege dat lêste waard trouwens ek de SP neamd.
Ien fan de keaplju hie in kieswizer dien, mar sil dy útslach net opfolgje: "Ik kaam - as echte wâldpyk - út op de Piratenpartij! No dat wurdt him net. Ik stim SGP!"

Net stimme

En dan wie der, njonken in soad swevende kiezers, ek noch in frou dy't thús bliuwt om't se 'it systeem' net mear fertrout. "En nee, dêr sit gjin komplotteory efter, want jo kinne it allegear lêze op ynternet..." Ien fan de fêste besikers fan de freedsmerk fûn dat je no hielendal gjin ferkiezingen hâlde moatte: "Earst de corona oplosse en dêrnei pas ferkiezingen, sa hie it moatten!"
Ferslachjouwer René Koster op de Ljouwerter freedsmerk