Wyldkamera's hâlde greidefûgelgebiet yn de gaten: "Der rint mear om as wy tinke"

De Fryske Fûgelwacht hâldt op ferskate plakken de natuer yn de gaten mei wyldkamera's. Troch foar it greidefûgelseizoen al rôfdieren op te spoaren, ha de fûgels aansen mear kâns om jongen grut te bringen. Want, "der rint nachts mear rûn as wy eins witte en tinke", sa fertelt fûgelwacht Jetze Genee.
Wyldkamera's hâlde greidefûgelgebiet yn de gaten
"Dat fariearret fan katten op de meast rare plakken oant dassen, foksen en stienmurden. We witte wol dat se der binne, mar we sjogge se eins nea", fertelt Genee. Mei de wyldkamera's kinne de rôfdieren yn it gebiet yn kaart brocht wurde.
Op de bylden dy't yn de nacht fan tongersdei op freed makke binne, sjocht Genee ferskate bisten delkommen. "We sjogge in rôt, in hazze en in mûzefalk, tink ik. Wy fûnen juster in deade goes, dy ha wy as aas derfoar lein. Dy goes leit no tweintich meter fierderop, dus der hat wat west dat him ophelle hat."

Jagers en boeren ynljochtsje

Der is net folle te dwaan om de bisten dy't freed sjoen binne oan te pakken. "Rotten binne der sa'n soad dat dy muoilik oan te pakken binne", fertelt Genee. "Mûzefalken fleane del mar ha wy hjir elts gefal net as briedfûgel sitten."
Ferslachjouwer Jantine Weidenaar by fûgelwacht Jetze Genee
"As der bygelyks in foks is, dat is in soarte dy't we yn greidefûgelgebieten leaver net sjogge, kinne we kontakt sykje mei jagers." Boppedat kinne boeren ynljochte wurden as se noch wat dwaan kinne om bygelyks rotten of murden út it lân te krijen.

De bever fan Makkum

Bûten it greidefûgelseizoen kinne ek oare bisten yn de gaten holden wurde, sa is de bever dy't by Makkum omstrúnt mei de wyldkamera's yn de gaten holden. "Dy kamera's ha we dochs en ik bin natuerman, dus ik sykje it ek op."
Ferslachjouwer Jantine Weidenaar giet it lân yn