Burgumer (21) en Hurdegarypster (22) fertocht fan prostituearjen minderjierrich famke

12 mrt 2021 - 12:47

In 21-jierrige Burgumer en in 22-jierrige ynwenner fan Hurdegaryp binne haadfertochten yn in minskehannelsaak, wêrby't in 15-jierrich famke tsjin betelling seks hie mei folwoeksen manlju. Freed tsjinnen harren saken yn de rjochtbank fan Ljouwert.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De strafsaken tsjin de twa fertochten waarden freed noch net ynhâldlik behannele, de sitting hie in pro-formakarakter. Allinnich de Burgumer sit foarriedich fêst. De rjochtbank bepaalde dat de man fêstsitten bliuwt. De Hurdegarypster soe it famke nei klanten ferfierd hawwe en jild ûntfongen hawwe. Ek hie hy berneporno yn syn besit.

De saak kaam troch in oar ûndersyk oan it rôljen. In 37-jierrige man út Noard-Hollân hie him foardien as frou en fia Facebook kontakt socht mei it 15-jierrige famke. De man soe op dy manier mei meardere minderjierrigen yn kontakt kaam wêze.

De saken wurde nei alle gedachten ein juny of begjin july behannele. Dan moatte ek sân 'klanten' fan it famke harren foar de rjochter ferantwurdzje. It giet om manlju yn de leeftiid fan 22 oant 61 jier dy't tsjin betelling seks hân hawwe mei it famke. De fertochten komme út Drachten, Ljouwert, Frjentsjer, Balk, Grins en Delfzijl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)