Gemeenten yn súdeast-Fryslân wolle 30.000 wenningen bouwe: "Geen makkelijke opgave"

12 mrt 2021 - 12:16

De gemeenten yn súdeast-Fryslân wolle de kommende jierren mei-inoar tusken de 30.000 en 35.000 wenten bouwe, dat skriuwe se yn in brief oan Deputearre Steaten. De wenningbou-ambysje is ûnderdiel fan it saneamde Deltaplan foar it Noarden.

Gemeenten yn súdeast-Fryslân wolle 30.000 wenningen bouwe

De measte wenten yn it súdeasten fan de provinsje sille boud wurde yn Smellingerlân en Hearrenfean (beide 10.000 huzen). Mei gemeenten De Fryske Marren, Opsterlân, Weststellingwerf en Eaststellingwerf moatte der dan mear as 30.000 wenten boud wurde.

'Geen makkelijke opgave'

"Dat is geen makkelijke opgave, maar je moet er ook niet voor weglopen", sa seit wethâlder Robin Hartogh Heys fan Smellingerlân. "We hebben eigenlijk een aanbod aan Nederland: je zit met problemen in het westen, overbevolking en drukte op de wegen. Hier hebben we wat te leveren."

It plan is noch net hielendal útstippele, fertelt de wethâlder. "We kunnen nog niet een kant en klaar plan leveren, omdat we nog zorgvuldig naar inpassing in de natuur moeten kijken. En het gaat om meer dan woningbouw, het heeft ook invloed op je sociale, culturele en maatschappelijke infrastructuur."

Deltaplan foar it Noarden

Alle Fryske gemeenten moatte gegevens oanleverje by de provinsje Fryslân foar it saneamde 'Deltaplan voor het noorden'. It idee achter it plan is dat it Ryk ree is om te ynvestearjen yn de Lelyline as de noardlike provinsjes ree binne om 'in belangrike bydrage' te leverjen oan de nasjonale wenningbou-opjefte.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

It komt der op del dat der by of yn de buert fan de Lelyline romte fûn wurde moat foar op syn minst 100.000 wenten. Earder sei gemeente Ljouwert al 5.000 oant 10.000 nije wenningen bouwe te wollen.

Oft de Lelyline der yndie komme sil is noch net wis, mar dêrom is it plan júst sa wichtich, seit Hartogh Heys. "Het is nog niet zeker, daarom is het zo belangrijk dat dat Deltaplan voor het Noorden goed in elkaar zit, om te laten zien dat het evident is dat die Lelylijn er moet komen."

Ferslachjouwer Hayo Bootsma yn petear mei Robin Hartogh Heys

(Advertinsje)
(Advertinsje)