GGD: Rekôrtal coronatests, mar net mear besmettings

12 mrt 2021 - 12:10

Ofrûne wike hat in rekôrtal fan 12.720 Friezen him teste litten, sa'n 3.000 mear as in wike earder. It tal coronabesmettings dat foar it ljocht kaam ôfrûne wike bleau lykwols stabyl. Dêr hat GGD Fryslân noch gjin ferklearring foar, mar it hat mooglik te krijen mei de resinte feroarings yn de maatregels en de tanimmende faksinaasjes.

De testlokaasje fan de GGD Fryslân yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Al sân wiken skommelet it oantal positive testútslaggen om de 1.200 de wike hinne. It oantal tests naam yn dy perioade mei mear as de helte ta. Dat de GGD mear test, hat dermei te krijen dat hieltyd mear groepen de fraach krije om har teste te litten, lykas skoalbern. GGD Fryslân hâldt lykwols soarch oer it hege oantal besmettings, foaral no't der ferrommings yngien binne.

Minder âlderein besmet

Al inkelde wiken rekket minder âlderein besmet mei it coronafirus. Trochdat de âldste minsken as earste faksinearre binne, binne dêr de minste besmettings. It oantal besmette 90-plussers nimt foar de fiifde wike op rige ôf. Yn de leeftiidsgroep 80-90 jier is de delgong wat letter ynset.

Yn de ferpleech- en fersoargingshûzen wiene de ôfrûne wike 69 besmettings, tsjin 65 in wike earder en 143 in wike dêrfoar. Dat it oantal dizze wike net ôfnaam, kaam troch útbraken yn tehûzen dêr't net of hast net faksinearre wie. Yn de thússoarch is sprake fan in flinke delgong.

Under tritigers en sechstigers naam it oantal positive tests it meast ta. By basisskoallelearlingen wiene krekt wat mear besmettings. It oantal útbraken op de wurkflier naam ta. Der binne no yn Fryslân 48 klusters fan trije of mear besmettings. Foarige wike wiene dat goed de helte minder.

Faksinaasjes

De ôfrûne wike hat GGD Fryslân 6.889 ynwenners fan Fryslân faksinearje kind. In wike earder gie it om 4.156 persoanen. De ferwachting is dat it oantal faksinaasjes de kommende wiken tanimmen bliuwt. Yn totaal binne troch de GGD no 46.652 prikken set by Friezen, fan wa krekt wat mear as 25.000 by 70-plussers.

Goed 8.200 Friezen hawwe no twa prikken hân. Net allinnich de GGD prikt 70-plussers, dit bart ek yn ferpleech- en fersoargingshûzen troch soarchpersoniel en húsdokters. It RIVM is úteinset mei it útnûgjen fan thúswenjende âlderein fan 75 oant 80 jier.

Faksinaasjes Waadeilannen

Yn de wike fan 22 maart faksinearret GGD Fryslân wer op de Waadeilannen. Alderein en soarchmeiwurkers krije harren twadde prik. Dêrneist binne op Skylge en It Amelân ek de groep fan 65 oant 75 jier oan bar. Dy krijt in útnûging foar de earste prik. Op Flylân en Skiermûntseach kamen yn de earste ronde alle 60-plussers al yn oanmerking.

Troch de ekstra faksinaasjes bliuwe de teams fan de GGD langer op de eilannen. Op It Amelân duorret it prikken twa dagen (22 en 23 maart), op Skylge trije dagen (25, 26 en 27 maart). Op 24 maart binne Flylân en Skiermûntseach oan bar.

Everhard Hofstra fan GGD Fryslân

Trefwurden: 
GGD Fryslân coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)