Oprop oan omwenners om ûnderfinings mei radarpost Wier troch te jaan

12 mrt 2021 - 10:36

Definsje en fabrikant Thales dogge oant en mei freed 26 maart tests mei de oerlêstjaande radarpost yn Wier. De wurkgroep oer de radarpost fan Definsje yn it doarp en de gemeente Waadhoeke roppe omwenners op om harren ûnderfinings yn dizze testperioade troch te jaan, sadat dúdlik wurdt hokker oerlêst omwenners ûnderfine fan de nije radar en dêr oplossings foar fûn wurde kinne.

De radar yn Wier - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De radar yn Wier moat it loftrom yn de gaten hâlde. Ynwenners fan it doarp sizze lêst te hawwen fan it lûd. Ek kleie se dat harren wifisinjaal minder is en dat se faker lêst ha fan elektrisiteitssteuringen. Se sjogge boppedat minder fûgels de lêste tiid en tinke dat soks ek komt troch it lûd.

Doel fan de tests dy't no útfierd wurde, is ûndersykje wat de oanpassings dy't dien binne, betsjutte foar it goed wurkjen fan de radar. Dêrneist wurdt ûndersocht wat de mooglike ynfloed is op elektryske apparaten yn de buert. Omwenners joegen earder oan hoopfol te wêzen dat der lang om let wat dien wurdt oan de oerlêst fan de radarpost.

Twa tiidblokken mei tests

De tests wurde dien op wurkdagen tusken 7.00 en 19.00 oere. Yn dy perioade binne der twa tiidblokken wêryn't de radar sinjalen útstjoert. Tusken 9.00 en 11.00 oere en tusken 13.00 en 15.00 oere.

De radar wurdt tusken 19.00 en 7.00 oere útset sadat omwenners jûns en nachts gjin lêst hawwe fan eventuele lûdshinder. Definsje ûndersiket mei fabrikant Thales it lûd fan de radar. It kin inkelde moannen duorje foar't hjirfoar in definitive oplossing is.

Underfinings trochjaan

De wurkgroep út it doarp en de gemeente roppe omwenners op om harren ûnderfinings te dielen, posityf én negatyf. Dat kin ûnder mear fia de webside fan Definsje, it leafst foar 26 maart. Definsje nimt dêrnei mooglik kontakt op mei minsken dy't in melding makke hawwe, sadat der sjoen wurde kin nei oplossings foar fersteurings fan elektryske apparaten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)