Earste ljipaaien Waadhoeke, Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren binne fûn

De earste ljipaaien yn de gemeenten Waadhoeke, Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren binne freed fûn. Se waarden ûntdutsen by Achlum, Allingawier en Nijehaske.
Hendrik de Boer © BFVW
It earste ljipaai fan Súdwest-Fryslân waard om 09.00 oere hinne fûn troch Hendrik de Boer. Hy ûntduts it aai yn maislân oan de súdkant fan Allingawier.
Klaas Jager © BFVW
Efkes nij alven waard ek it earste ljipaai fan De Fryske Marren fûn, by Nijehaske. It nestke lei op itselde stik lân dêr't yn 2018 it earste aai ek al fûn wie. It wie opnij Klaas Jager dy't it fûn.
Mei it finen fan de aaien is it frije fjild yn Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren sletten, sa makke de Bond van Friese Vogelwachten bekend.
Anne Wind © BFVW
Op it rantsje fan de gemeente, yn de buert fan Achlum, fûn Anne Wind it earste ljipaai fan Waadhoeke. Hy seach it aaike dêr tsjin 17.00 oere yn 'e greide. Wind fûn earder al ris de gemeente-aaien fan Harns, mar noch nea fan Waadhoeke, meldt it BFVW.

Ljipaaikaart

Sjoch op dizze kaart yn hokker gemeenten al it earste ljipaai fûn is. Grien is it earste ljipaai fan Fryslân, blau is it earste ljipaai yn in gemeente en read betsjut dat der noch gjin earste aai fûn is yn dizze gemeente: