Kollum: "Myn ferhaal"

12 mrt 2021 - 08:23

"Tiisdeitejûn siet ik ek foar it ynterview mei Harry en Meghan want ik wie wol benijd nei harren ferhaal. Hoe't it ferrûn is mei syn mem is mei rjocht in drama te neamen en hy seach deselde bui wer hingjen. Se sieten tsjin Oprah oer. Sy is yntusken ek alwer 67 jier mar noch fol fjoer. Ik mei wol oer har en nei it ynterview hie elkenien fansels wer in miening oer dit barren. Ik bin eins ek wol benijd wat der allegear fan wier is en hoe't it keninklike stel weromsjocht op dit ynterview, dochs sille we dêr wierskynlik noait achterkomme.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Hilda Talsma

Ik kin jim wol fertelle hoe't ik it ûnderfûn ha om sneontejûn op 'e telefyzje te wêzen. Ynearsten is dêr de fraach: Wat moat ik oan? Dat is in jaske fan Only wurden en thús hie it in moaie waarme blauwe kleur. Fierder hie ik gewoan in spikerbroek en in swart T-shirt oan dus ik fielde my prima yn dy klean.

Make-up is punt twa. Dat draach ik gewoanwei hast net, op wat maskara en eachpotlead nei, dus ik hie my thús al wat mear opmakke as oars. Ik brûk nammentlik brún foar de eagen en net swart. Fierder hie ik wat foundation en lippestift opdien. Foar de útstjoering moast ik noch wol yn de make-up stoel want der moast mear foundation op. En mear eachsbrauweguod, eachskaad en lippestift, mar it wie beslist net oer de top.

It wie gesellich om wer ris lju te treffen én Biltsk te praten mei myn kollega Hein Jaap. Krekt foar de útstjoering waard ik al in bytsje senuweftich. Ik hie my net mei de ynhâld fan it programma bemuoid en wist dus ek net presys wat der barre soe. Doe't ik by de tafel sitten gong, fûn ik it studioljocht wol fel mar it skynde gelokkich net yn myn eagen, oars hie 'k de sinnebril op ha moatten.

Sa'n útstjoering giet eins yn in soarte fan rûs foarby. Ik wist nei de tiid ek amper mear wat ik allegear sein hie, mar ik fûn it al spitich dat it programma gauris in drege ûndertoan hie. Oer it Frysk, oer de boeken en de ûntlêzing, wylst in boekewike yn myn belibbing no krekt in tiid is om grutsk te wêzen op ús taal, de boeken en it ferskaat oan skriuwerstalint!

Doe't ik letter de útstjoering werom seach, skrok ik wol fan mysels. Ik wie gjin soerstôk lyk as Lilian, mar like giel as it prúkje fan Wilders! Sels myn jaske hie in oare kleur en in protte reaksjes gongen dus ek oer ús uterlik. Unbarmhertich yn it ljocht set, sminkt as liken seagen we derút as kamen we út Madam Tussaud, dêr kaam it sawat op del. Der wiene ek wol positive reaksjes, hear, en om dy oare ha 'k smaaklik lake want dat fûn ik sels ek.

Wêr't ik my fierder oan steurde, wie dat ik gauris 'Fries' sei as it 'Frysk' wêze moast. Dat ha 'k letter ek foar de fuotten krigen en soks hâldt in minske skerp. Mar it falt dus net ta om yn te felle skynwerpers te stean. Ik bin dan ek bliid gjin keninklike heechheid te wêzen! Ik bin mar gewoan de skriuwster fan it kadoboek Lockdownleafde en jim ha noch oant en mei snein de kâns myn ferhaal fergees by de oanskaf fan in oar boek te krijen.

Dus gau nei in Fryske boekhannel of bestel online! De nijste Fryske boeken lizze yn it ramt fan it Fryske Boekewike Menu dizze kear ek yn de Herberg van Smallingerland yn 'e Rottefalle en dêr sit ik moarn fan 15.30 ôf koroanaproef te sinjearjen. In soad lêswille tawinske!"

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)