Trije bruorren haadfertochten yn ynternasjonale drugshannelsaak

12 mrt 2021 - 09:35

Sân fertochten yn in grutskalich ûndersyk nei ynternasjonale drugshannel, dy't him benammen ôfspile yn Wolvegea, stean freed pro forma foar de rjochter. It ûndersyk ken 21 fertochten, ûnder wa trije bruorren: in 25-jierrige man fan It Hearrenfean en twa manlju fan 30 en 27 jier âld fan Wolvegea. Sy wurde sjoen as de haadfertochten yn de saak. Se wurde ek fertocht fan it wytwaskjen fan krimineel ferkrigen fermogen.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

De plysje en it Iepenbier Ministearje Noard-Nederlân hawwe ûnder de ûndersyksnamme 'Strauss' in omfangrike Fryske drugsorganisaasje oprôle, dy't harddrugs, benammen heroïne, parse en ferpakte yn in loads yn Wolvegea en dêrnei ferfiere liet yn auto's fia Dútslân nei Skandinavië. Sân fan de 21 fertochten sitte op it stuit noch fêst en stean freed pro forma terjochte.

Trije Fryske bruorren lieders

Alle manlju wurde fertocht fan belutsenens by grinskrusend drugstransporten nei Dútslân, Denemarken, Sweden en Noarwegen. De sân fertochten dy't op it stuit previntyf fêstsitte wurde dêrby ek fertocht fan dielnimmen oan in kriminele organisaasje yn de perioade fan july 2019 oant en mei 1 desimber 2020.

De trije bruorren - dy't beskôge wurde kinne as de lieders fan de organisaasje - wurde ek fertocht fan it wytwaskjen fan krimineel ferkrigen fermogen yn de perioade fan 2016-2020.

Yntimidearjend

It resjerzjeûndersyk beskriuwt fiif drugstransporten mei as einbestimming Skandinavië en ien kear in tarissing dêrta. De plysje trochsocht nei oanhâldings op 1 desimber twa wenten op It Hearrenfean, fjouwer yn Wolvegea en in oantal bedriuwspannen yn Wolvegea. Yn de bedriuwspannen fierden de fertochten in autohannel.

De manlju wurde net allinnich fertocht fan kriminele aktiviteiten, se wiene ek yntimidearjend oanwêzich yn Wolvegea. Benammen yn it hoarekagebiet feroarsaken sy oerlêst en problemen.

Drugstransporten

By it Team Criminele Inlichtingen fan de plysje Noard-Nederlân kaam maaie 2020 ynformaasje binnen dat de trije bruorren ynternasjonaal hannelje soene yn wyt en heroïne. Dêrop naam de resjerzje in loads yn Wolvegea ûnder observaasje dêr't, sa die letter bliken, auto's preparearre waarden dy't brûkt waarden foar de smokkel fan harddrugs. Ut dizze en oare opspoaringsmiddels bliek dat de fertochten dwaande wiene in drugstransport ta te rissen.

Finzenisstraf

Op 13 desimber 2019 waard yn Sweden in 45-jierrige man oanhâlden foar in binnensmokkeljen fan 10 kilo heroïne yn in auto mei Nederlânsk kenteken. De wein wie foarsjoen fan in GPS-tracker dy't de posysje trochjoech oan in Nederlânsk mobyl nûmer. De smokkeler ferklearre dat hy in auto fan Nederlân nei Noarwegen ride woe, om't de wein ferkocht wêze soe oan in Noar. De wein en de kaai hie hy inkelde dagen dêrfoar krigen yn Hoogeveen. Dizze fertochte is yn Sweden yntusken feroardiele ta in finzenisstraf fan seis jier. It drugstransport wie werom te lieden nei de fertochten yn it ûndersyk Strauss.

Heroïne

Op 6 desimber 2019 ûntduts de Dútske dûane 10 kilo heroïne yn in frachtwein yn it Dútske havenplak Kiel, wachtsjend op de boat nei Noarwegen. De trucker wie sels nei de dûane stapt om't hy de lading dy't hy yn Grins oppikt hie net fertroude. Hy hie fjouwer pakketten oannaam fan twa manlju, dy't wegeren harren nammen te neamen en gjin frachtpapieren hiene by de lading.

De manlju ferwiisden allinnich nei de labels op de doazen mei dêrop in adres yn it Noarske Oslo. De frachtweinsjauffeur ried troch nei Kiel en melde him dêr by de dûane, mei syn befinings. Yn ien fan de pakketten waard sa'n 10 kilogram heroïne oantroffen. Undersyk nei de herkomst fan de drugs late nei de fertochten yn it ûndersyk Strauss.

Foto: CAMJO media

Ein oktober 2020 leinen de Noarske autoriteiten kontakt mei it Strauss-ûndersyksteam, om't sy in 26-jierrige Nederlânske frou oanhâlden hiene. Yn har auto hie se kokaïne en heroïne. Dyselde auto wie yn oktober sinjalearre yn de loads yn Wolvega. Doe sieten der noch griene hannelskentekenplaten op, mar goed in oere letter ried de auto fuort mei Dútske kentekenplaten.

Munysje

Alle fertochten yn it ûndersyk waarden op 1 desimber oanhâlden. By trochsikings yn Wolvegea en op It Hearrenfean binne grutte hoemannichten harddrugs en lytse hoemannichten softdrugs fûn. Ek waard der beslach lein op digitale gegevensdragers, in djoer horloazje, pistoalmunysje, bankpassen en grutte hoemannichten kontant jild en djoere designertassen, in nepwapen, GPS-trackers, falsk jild en bûtenlânske faluta.

Yn it dashboardkastke fan in auto yn Wolvegea waard in pak mei 548 nepbriefkes fan 50 euro oantroffen. Yn in loads yn Wolvegea waard de drugsparse fûn wêrmei't de ûnderskepte pakketten drugs gearparse waarden.

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar oer de saak

Trefwurden: 
Wolvegea drugshannel Strauss
(Advertinsje)
(Advertinsje)