Snits dekôr fan opmerklike switch: CDA-prominint Henk Bleker stapt oer nei FVD

12 mrt 2021 - 08:55

In tige opmerklik barren by in gearkomste fan Forum voor Democratie yn Snits freedtemiddei. Henk Bleker, prominint CDA-man, makket de oerstap nei Forum voor Democratie. Dat seit hy tsjin De Telegraaf. De âld-minister fan Lânbou is it net iens mei it hjoeddeiske lânboubelied, dat neffens him te folle bepaald wurdt troch Europeeske regeljouwing.

Foto: ANP

As steatssekretaris yn it earste kabinet-Rutte hie Bleker sels lânbou yn syn portefúlje. Nei de fal fan dat kabinet stelde hy him yn 2012 kandidaat foar it listlûkerskip fan it CDA, mar leden keazen doe mei in romme mearderheid foar Sybrand Buma.

Syn stim foar FVD moat neffens Bleker net sjoen wurde as in stim tsjin it CDA. "Ik blijf een christendemocratisch hart houden, ik blijf vinden dat de overheid moet beschermen en dicht bij de mensen moet staan, maar ook verantwoordelijkheid bij de mensen moet leggen."

Bleker wie de ôfrûne jierren tige kritysk oer it lânbou- en stikstofbelied fan it demisjonêre kabinet, dêr't ek it CDA sitting yn hat. Ek spruts hy earder al syn bewûndering en wurdearring út foar FVD-lieder Thierry Baudet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)