Wedstriid VC Snits útsteld yn ferbân mei positive coronatest

12 mrt 2021 - 08:31

De wedstriid tusken VC Snits en Djopzz Regio Zwolle dy't foar takom sneon op de planning stie, wurdt útsteld. Reden is in positive test by ien fan it team fan Apollo 8, dêr't VC Snits ôfrûne wike noch tsjin spile en dat takom sneon ek spylje moast tsjin Sliedrecht Sport.

Foto: Omrop Fryslân, Lars de Leeuw

Earder dizze wike teste in stêflid út it team fan Apollo 8 posityf op corona. Dyjinge wie woansdeitejûn net oanwêzich by de wedstriid tusken VC Snits en Apollo 8, mar hat earder dizze wike noch wol kontakt hân mei de seleksje. De testen ûnder spylsters en oare stêfleden binne negatyf.

Om elts risiko te mijen, is lykwols besletten de wedstriid tusken Apollo 8 en Sliedrecht te fersetten nei woansdei 17 maart. Ek it duel tusken VC Snits en Djopzz Regio Zwolle is op fersyk fan de Snitsers yn ûnderling oerlis ferpleatst. Dy wedstriid wurdt nei alle gedachten ek op 17 maart ynhelle.

Trefwurden: 
follybal VC Snits coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)