Twivel yn ried oer Fryske plaknammen Noardeast-Fryslân

12 mrt 2021 - 08:21

Yn de gemeenteried fan Noardeast-Fryslân binne twivels oer it ynfieren fan Fryske plaknammen en benammen de kosten dêrfan. Yn septimber 2020 waard op inisjatyf fan de FNP besletten om de plakken yn de fúzjegemeente yn de takomst in Fryske namme te jaan. It amindemint waard unanym oannaam, mar riedslid Sjoerd Keizer (S!N) stelt no fragen, benammen oer de kosten en it draachflak.

Sjoerd Keizer fan S!N - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Sjoerd Keizer fan S!N

Ek riedsleden Johan Lammering (Groenen) en Gryte Schaafstal (PvdA) hawwe fragen, foaral oer wat de doarpen sels wolle. Dêrom benaderen sy alle doarpsbelangen oer hoe't sy tinke oer de kwestje.

"Mei stommens slein"

By FNP'er Aant Jelle Soepboer falle de twivels fan inkelde riedsleden net goed. Hy spruts syn kollega's yn in mail oan op de situaasje. "Ik bin mei stommens slein en de hiele fraksje FNP mei my. Dat wy inoar as riedsleden nei de kroan stekke en mei moasjes komme en dy útlekke litte (fan in koälysjepartij ek noch!) en bûten de ried om hastich yn inoar draaide mails stjoere nei alle doarpsbelangen raast oan de protters."

De FNP hat op har beurt de doarpen ek in ynformative mail stjoerd mei in flyer fan de provinsje mei de meaststelde fragen oer de Fryske plaknammen. Bedoeld om misfettings foar te kommen, sa is te lêzen yn in bysletten brief.

Wierheid en foaroardiel skiede

"It fieren fan de Fryske plaknammen makket hiel wat los by minsken en dat begripe wy. De iene is der foar en sjocht it as in histoaryske kâns om de eigenheid fan it doarp en de regio sjen te litten, in oar kin der tsjin wêze en is bang dat minsken syn bedriuw of doarp net mear fine kinne", skriuwt de FNP.

"Wy begripe ek dat de kranten en oare (sosjale) media, dy't dochs net alles altyd transparant delsette foar misfettings soargje kinne troch bygelyks de klam te lizzen op it negative. Wichtich is dus dat by it meitsjen fan in goeie kar, wy wierheid en foaroardiel fan inoar skiede moatte. Dêrta ha wy in twatalige ynformaasjefolder taheakke oan dizze mail sadat jo as doarp jo goed tariede kinne. Wy winskje jo in soad wiisheid en hoopje dat alles foar jo no goed dúdlik is."

Aant Jelle Soepboer fan de FNP - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Aant Jelle Soepboer fan de FNP

(Advertinsje)
(Advertinsje)