Rotterdamsk stel hat al 400 kilometer kuiere foar taaislymsykte

Wat begûn as in ympulsyf idee is útrûn op in serieuze ynsammelaksje. Rotterdamske kafee-eigeners Peter en Marichelle van Vliet waarden troch de lockdown sa segrinich dat se doar út moasten. Se begûnen te rinnen om jild op te heljen foar taaislymsykte om't in dochter fan in freondinne dy sykte hat. Op it stuit kuierje se troch Fryslân.
Peter en Marichelle van Vliet yn Ferwert © Peter en Marichelle van Vliet
Op 5 febrewaris sette it stel ôf út harren wenplak. Yn earste ynstânsje wie it doel fan de tocht tante Ria yn Assen, mar wylst Peter en Marichelle oan it kuierjen wiene, betochten se dat se dat dwaan bliuwe soene oant harren kafee wer iepen mei. Ofrûne tiisdei 9 maart kamen se oan yn Ferwert en freedtemoarn wurdt it stel wekker yn harren hotel yn Ljouwert.

"We werden wat chagrijnig"

"Ons café was al acht maanden dicht. We zaten op de bank en gingen ons vervelen. We gingen wat te veel drinken en eten en werden wat te dik. Daardoor werden we wat chagrijnig", ferklearret Peter van Vliet. "Ik zei tegen mijn vrouw: we moeten wat gaan doen, want dit gaat niet goed." Doe ûntstie it plan om nei tante Ria yn Assen te rinnen. "Mijn vrouw zei: je bent niet goed bij je hoofd."

Stichting Taai

In goede freondin fan Peter en Marichelle oppere om foar in goed doel rinnen te gean. Dat waard Stichting Taai, dy't wittenskiplik ûndersyk stimulearje wol nei de ûngenêslike sykte Cystic Fibrosis, ek wol bekend as taaislymsykte. It stel besleat it plan in kâns te jaan. "We bestelden wandelschoenen, rugzakken en een regenbroek, en toen zijn we op stap gegaan. En we stappen nog steeds!", fertelt Peter.
Peter en Marichelle yn harren hotel yn Ljouwert, oan de telefoan mei Omrop Fryslân © Peter en Marichelle van Vliet
Doe't de Rotterdammers oan de reis begûnen, hiene se wol efkes harren twivels. "Toen we de deur uitstapten, dachten we: wat gaan we in godsnaam doen?" Se hiene harren earste oernachtingsplak 25 kilometer fierderop boekt. "We dachten, 25 kilometer wat is dat nou? Dat loop je in vijf uurtjes. Maar dat viel vies tegen. Vooral als je net je nieuwe schoenen aan hebt."

"Het verbaast onszelf het meest"

Mei fuotten fol mei blierren kamen se oan yn harren earste bêd en brochje. "We waren zo verschrikkelijk moe. Heel ons lijf deed pijn. Maar inmiddels zijn we meer dan 400 kilometer verder." Peter en Marichelle hawwe yntusken al trije kear by tante Ria del west. "Het verbaast onze vrienden en kennissen, maar het meest onszelf!", fertelt Peter laitsjend. Hy en syn frou bliuwe foarearst noch efkes trochrinnen. "Totdat de cafés weer open mogen. De terrassen tellen we dan niet mee, dat doen onze medewerkers."
Peter en Marichelle binne no al 35 dagen oan it rinnen. Se hawwe mear as 400 kilometer yn de skonken en al goed 10.000 euro ophelle. De avonturen fan de Rotterdammers binne hjir te folgjen. Minsken dy't graach wat donearje wolle, kinne dat fia de webside fan it stel dwaan. "Het is een fantastische trip. Ik kan het iedereen aanraden. Ga lopen en hang er een goed doel aan. Je wordt er heel gelukkig van."
Peter van Vliet oer de aksje