Betinking fan de Twadde Wrâldoarloch yn glês-yn-lead

Der wurdt op it stuit hurd wurke oan in spesjaal keunstwurk dat ynkoarten yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert komt. It binne trije ruten fan glês-yn-lead dy't de Twadde Wrâldoarloch betinke. It keunstwurk wurdt makke ta gelegenheid fan it 75-jierrich jubileum fan Stichting Friesland 1940-1945 en is ûntwurpen troch keunstnersduo Gerard Groenewoud en Tilly Buij.
Sjoch hjir nei it keunstwurk foar de betinking:
It is in bysûndere opdracht foar glesker Wiebe Jan Plantenga fan in glêshannel yn Ljouwert. "It gebeurt net sa faak yn de karriêre fan in glesker datst sa'n grut ûntwerp mei-útfiere meist." Doe't it ûntwerp klear wie, moasten de kleuren útsocht wurde en hjir hat Plantenga de keunstners bot by holpen. "Er liggen hier allemaal kleuren die we hebben uitgezocht, maar als het dan bij elkaar komt is het toch iedere keer weer een verrassing hoe het lijkt", sa fertelt keunstner Gerard Groenewoud.

Trijelûk

Der sit in hiel ferhaal achter it trijelûk fan de ruten. "In het middelste raam lijkt het alsof er een steen door het raam is gegooid. In het midden zie je in de kleur oranje de steen in de vorm van Fryslân", leit Groenewoud út. Troch de oarloch gie alles stikken, sa is it idee. En nei de oarloch is alles wer makke en dat symboalisearret it glês-yn-lead.
© Gerard Groenewoud

Nije taak foar stichting

Oanlieding is it jubileum fan Stichting Friesland 1940-1945, mar ek it markearjen fan in nije taak fan de stifting, sa fertelt foarsitter Gerk Koopmans. "Onze primaire taak was 75 jaar lang het zorgen voor wezen en weduwen. Het kunstwerk markeert het einde van een tijdperk en we zullen ons nu vooral gaan toeleggen op het herdenken en vieren van de bevrijding."
As de ruten klear binne, wurde se pleatst yn de Blokhúspoarte. It keunstwurk wurdt op tongersdei 6 maaie ûntbleate.
Ferslachjouwer Wendy Kennedy prate mei keunstner Gerard Groenewoud