Tal coronabesmettings yn Fryslân bliuwt stabyl

12 mrt 2021 - 06:00

It tal coronabesmettingen dat dizze wike yn ús provinsje meld is, is likernôch lyk oan in wike earder. Dizze wike wiene it der 1.177, tsjinoer 1.162 foarige wike. It tal stjergefallen naam in bytsje ôf: fan 19 nei 16.

De testlokaasje fan de GGD yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Gemiddeld waarden de ôfrûne wike alle dagen 168 besmettingen meld. Dat sifer lei foarige wike op 166.

De measte besmettings binne dizze wike meld yn de gemeente Ljouwert, mei 243. In wike lyn wiene dat der noch 237. Nei Ljouwert komt Súdwest-Fryslân mei 185. Dat is ek ûngefear lyk oan in wike earder, doe wiene it der 196.

It tal besmettings omrekkene nei it tal ynwenners is, krekt as foarige wike, noch altyd heech yn Waadhoeke en Harns. Yn Waadhoeke waarden der 140 besmettings meld ôfrûne wike, mei oare wurden 304 op 100.000 ynwenners. Yn Harns wiene it der 38, 242 op 100.000 ynwenners.

Ek de Waadeilannen Flylân (4) en Skiermûntseach (3) stutsen der boppeút. It giet om lytse oantallen, mar om't der net in soad minsken wenje, is dat relatyf noch altyd in hiel soad.

Mei de 1.177 positive testen fan de ôfrûne wike is no yn totaal by 28.124 Friezen it coronafirus fêststeld.

Sjoch foar mear sifers en foar grafiken oer it coronafirus op ús dossierside.

Dizze wike melde it RIVM 16 stjergefallen yn ús provinsje, trije minder as in wike lyn. De wike dêrfoar wiene it der noch 21. It tal stjergefallen troch it coronafirus rint dus foar de fjirde wike op rige werom. It wol net sizze dat al dy stjergefallen ek echt yn de lêste wike wienen. Somtiden wurde dy sifers pas letter trochjûn.

It offisjele stjertesifer yn Fryslân yn ferbân mei it coronafirus leit no op 421. It werklike tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net elkenien test wurdt. Dêrom is net fan elk stjergefal bekend oft dat oan it firus lei of net.

Wyklikse besmettingen en stjergefallen

Wike Besmettingen Stjergefallen
5 maart - 11 maart 1.177 16
26 febrewaris - 4 maart 1.162 19
19 febrewaris - 25 febrewaris 1.350 21
12 febrewaris - 18 febrewaris 1.129 39
5 febrewaris - 11 febrewaris 1.207 41
29 jannewaris - 4 febrewaris 1.181 30
22 jannewaris - 28 jannewaris 1.310 29
15 jannewaris - 21 jannewaris 1.592 20
8 jannewaris - 14 jannewaris 1.529 18
1 jannewaris - 7 jannewaris 1.697 17
25 desimber - 31 desimber 1.644 19
18 desimber - 24 desimber 1.804 5
11 desimber - 17 desimber 1.384 6
4 desimber - 10 desimber 974 4
27 novimber - 3 desimber 703 9
20 novimber - 26 novimber 672 13
13 novimber - 19 novimber 720 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0
Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)