Ljouwerter topkok poer oer 'ûnrjochtfeardige lêsten' yn coronatiid

"Ik ben razend. Godsgruwelijk kwaad. Dit is zo langzamerhand om te kotsen." Dat skriuwt Ljouwerter topkok Marijke van Essen yn in kollum op liwwadders.nl. Se is benammen lilk dat se noch hieltyd fêste lêsten betelje moat, wylst har saak net iepen mei. "Dit is allesbehalve samen een oplossing zoeken", fertelt se. Dêrneist ergeret se har oan ûnhandige reaksjes fan minsken dy't net in soad doel ha oer har situaasje.
© Google Street View
Van Essen is eigener fan itensiedatelier De Kleyne Sint Jacob yn Ljouwert. In jier lang hat se amper gebrûk makke fan har pân en gjin omset draaie kind, mar dochs ûntfangt se ûnder oare gemeentlike heffings foar bygelyks ôffal en gebrûk fan it pân, rekkens foar it draaien fan muzyk en rekkens fan fersekerders. "Als je na een jaar lang knokken, verzinnen en stress alle facturen, verzekeringen en heffingen op de mat krijgt, dan word je verschrikkelijk boos."

Stress

Yn maart foarich jier hie Van Essen noch wol in buffer, mar dy is der yntusken trochhinne. De temjittekommings fan de oerheid en har bystânsútkearing kinne de finansjele klappen net opfange. "Dat is bij lange na niet voldoende, dus bent aan het interen. De dag waarvan ik wist dat die zou komen, kwam: dat je je zakenpas ergens doorheen haalt en dat je onvoldoende saldo hebt. Dat geeft veel stress."
It jild wêrmei't se foarich jier har rekkens betelle, kin se net mei weromwurkjende krêft werom krije. "Dan word ik wat boos en cynisch, want ik had vorig jaar niet kunnen overzien dat ik een jaar niet kon draaien. Dat kon niemand. Dan voel ik me wel een kind van de rekening."

Unbegryp

Van Essen steurt har ek bot oan minsken dy't har situaasje folslein net begripe, mar wol ûngefoelige opmerkings meitsje of ûnwinske advizen jouwe. "Jullie krijgen toch steun? Je moet gaan bezorgen, joh. Wat een leuk winkeltje, zo zie je maar: corona brengt ook veel creativiteit", sommet Van Essen agitearre op. "Dan sta je met open mond."
Se ergeret har ek oan de stream oan stipebetsjûgings fan minsken. "Dat voortdurende 'ik steun je'. Ik voel me niet gesteund. Mensen begrijpen niet hoeveel stress dit geeft."

"Bestuurders kennen je situatie"

As se derop werom sjocht, tinkt Van Essen dat se better yn maart al de boel tichtsmiten kind hie. "Dat was waarschijnlijk verstandiger geweest." Se hie no hope op mear begryp en hie it leafst sjoen dat rekkens net stjoerd waarden. "Bestuurders weten waar je als ondernemer in zit. En dan wachten ze tot een ondernemer aanklopt en zegt dat dit zo niet kan. Dat kun je van tevoren ook bedenken, dus doe daar iets aan. Dan heb je het over 'we doen dit samen'", beslút Van Essen.
Marijke van Essen fertelt oer har soargen