Van der Staaij (SGP) yn It Polytburo: 'Tsjerken moatte sels bepale oft se grutte tsjinsten hâlde'

It kabinet moat him net oant yn detail bemuoie mei de boarger as it giet om de maatregels yn de coronakrisis. Dat seit Kees van der Staaij, listlûker fan de SGP, te gast yn It Polytburo. Sa krigen tsjerken grutte krityk doe't se massale tsjinsten organisearren. Van der Staaij fynt dat soks in rjocht is dêr't de polityk eins net yn trêde moat, en dat tsjerken dêr sels in ôfwaging yn meitsje meie. De SGP'er toande him in foarstanner fan de oanlis fan de Lelyline, de spoarferbining fan de Rânestêd fia Fryslân nei Grins.
It Polytburo sjocht mei listlûkers fan ferskate partijen foarút op de Twadde Keamerferkiezingen. Kees van der Staaij wie de achtste gast yn dizze rige. Eardere gasten wienen:
Fan de SGP is bekend dat kristlike opfettingen sintraal steane by de partij en de basis binne foar de politike stânpunten. Mar hoe komt dat ta utering foar ûnderwerpen dy't yn Fryslân spylje, lykas hoe't it mei de lânbou komt, of mei it hûzetekoart of mei de berikberheid?

Boeren de tiid jaan

Lykas in soad partijen fynt de SGP dat it bistewolwêzen, de natuer en de duorsumheid ûnder druk stean troch in grutte feeyndustry. Dat dy tak sa grut wurden is, komt trochdat boeren twongen binne om de bedriuwsskaal almar te fergrutsjen. Mar de SGP wol boeren de tiid jaan om har wurkwize te feroarjen nei in duorsumer beleid. "Het landbouwsysteem heeft een generatie nodig gehad om hoogproductief en kostenefficiënt te worden. Het heeft opnieuw een generatie nodig om verder te verduurzamen", skriuwt de partij yn it programma.
Der moat wat de SGP oanbelanget ek in fûns komme sadat de lânbou fierder ferduorsumje kin. Jild út dat fûns kin komme troch heffingen by supermerken en oare winkels, is it idee.

Natura 2000-gebieten minder goed beskermje

Ien fan de redenen wêrom't oan de lânbousektor frege wurdt om oars te buorkjen, is omdat de lânbou ferantwurdlik is foar in grut part fan de stikstofútstjit. As dy stikstof delslacht op natuergebieten, is dat tige skealik. De SGP skriuwt yn it eigen ferkiezingsprogramma dat se Natura 2000-gebieten minder goed beskermje wolle. De ôfspraken oer stikstofdelslach moatte net mear lanlik bepaald wurde, mar lokaal, fynt de partij.
De SGP wol ek net dat lânbougrûn ûnder wetter set wurdt. Hieltyd mear boeren dogge dat wol, omdat in hegere wetterstân goed is foar in soad natuer, lykas greidefûgels.

Wyn- en sinne-enerzjy, mar ek fierder mei gaswinning

De partij fan Van der Staaij wol wynmûnen en sinnepanielen net oan bannen lizze, mar wol stranger belied fiere oer wêr't dy foarmen fan duorsume enerzjy-opwekking stean moatte. Sinnepanielen moatte benammen op dakken en net yn greiden. En foar wynmûnen moatte bettere ôfspraken makke wurde troch regio's. Boppedat moatte omwenners meiprofitearje fan wat wynmûnen opsmite, fynt de SGP.
De SGP wol net ophâlde mei gaswinning. Ierdgas bliuwt in belangrike brânstof, skriuwt de partij. En omdat de gaswinning yn Grinslân ôfboud wurdt, wol de partij winning út lytsere gasfjilden stypje. Yn Fryslân lizze in soad fan dy lytsere gasfjilden. Dy wurde no ek geregeld oanboarre, ek al wol de provinsje Fryslân dat net.
Wat de SGP benammen wol, is dat we mei ús allen minder enerzjy brûke. "Hoe minder fossiele brandstoffen we gebruiken, des te beter."

Hûze-oanbod better brûke

De SGP sjocht ek dat der in probleem is op de Nederlânske hûzemerk: der is in grut tekoart. De partij neamt allinnich net hoefolle nije hûzen oft se bouwe wolle. Earst moat lokaal soarge wurde dat der genôch wenromte is, fynt de partij. Se fine gemeenten as earste ferantwurdlik om te soargjen foar goede en betelbere hûzen.
Fierder wol de SGP it probleem diels oanpakke troch in bettere trochstreaming en it better brûken fan it tal hûzen dat der no al is.
De partij sjocht wol yn dat minsken minder hoege te ferhûzjen foar it wurk, want troch de coronakrisis wurdt hieltyd mear mooglikheden foar thúswurkjen dúdlik. Thúswurkjen soe boppedat soargje foar minder files.

Stappen sette nei Lelyline

Wa't wol út it Noarden nei de Rânestêd wol, of oarsom, moat dat rapper dwaan kinne mei de trein as no it gefal is. Dêr binne sawat alle partijen it oer iens. De SGP fynt ek dat der "stappen gezet moeten worden richting een nieuwe spoorlijn tussen Amsterdam/Almere en Noord-Nederland (Lelylijn)", skriuwe se. Dat soe dan ek wer goed wêze foar de bedriuwichheid en de fitaliteit fan wat de SGP 'krimpregio's' neamt.
De partij is net tsjin it iepenjen fan Lelystad Airport. Dat fleanfjild kin helpe om de oerlêst by Schiphol werom te bringen. As it fleanfjild yn Lelystêd iepen giet, meie der gjin leechfleanrûten wêze oer ûnder oare Fryslân, fynt de SGP. De aksjegroep Laagvliegroutes NEE is al jierren dwaande om dy rûten foar te kommen, want dy soenen ûnder oare yn Fryslân foar oerlêst soargje.

Mear jild foar soarchtaken gemeente, mar soarch ek oars ynrjochtsje

Troch it oerheveljen fan soarchtaken fan it Ryk nei gemeenten yn 2015 binne de grutte finansjele tekoarten ûntstien by gemeenten. It idee achter dy ferskowing wie dat gemeenten dy soarchtaken better ferfolje koenen, mar gemeenten ha dêr net genôch finansjele stipe foar krigen. De SGP wol dat gemeenten in bettere kompensaasje krije fan it Ryk, mar fynt ek dat gemeenten it stelsel mei jeugdhelp oars ynrjochtsje, sadat minder minsken freegje om help.
Wat sikehûzen oanbelanget fynt de SGP dat relatyf ienfâldige soarch beskikber wêze moat yn de buert. De partij hat soargen oer de beskikberheid fan ambulânsesoarch yn guon gemeenten. De oanrydtiden moatte better, seit de partij.

Basisskoalledirekteur út Driezum op de list

Wa't op de SGP én op in Fries stimme wol, komt út by Tom Bakker út Driezum. Hy is direkteur fan in basisskoalle yn Hilversum en siet foar de SGP yn de gemeenteried fan Dantumadiel. De kâns dat Bakker yn de Twadde Keamer komt is lyts. Hy stiet op plak 22 fan de kandidatelist. De SGP hat op it stuit trije sitten yn de Keamer en neffens de measte peilingen komt de partij dêr wer op út, mooglik ien mear of minder.