Aris Ljouwert slút earste kompetysjefaze ôf mei achtste nederlaach op rige

11 mrt 2021 - 21:03

Aris Ljouwert hat de earste faze yn de Dutch Basketball League ôfsletten mei de achtste nederlaach op rige. Op besite by de Den Helder Suns waard mei 78-60 ferlern. Cedric Dedecker wie mei 15 punten de topskoarer oan de kant fan Aris.

Foto: Orange Pictures

Al nei it earste kwart seagen de Ljouwerters mei 23-11 tsjin in grutte efterstân oan. It twadde kwart wie lykwols foar Aris, mar dêryn koene se mar ien puntsje goedmeitsje. De stân by it skoft kaam dêrmei op 40-29.

Yn it tredde kwart koene de Ljouwerters de efterfolging net trochsette. De efterstân rûn dêryn op nei 65-45. Yn it fjirde en lêste kwart kaam Aris noch wol in hiel lyts bytsje tichterby, mar foar de oerwinning wie it lang net genôch: 78-60.

Twadde faze

De wedstriid tsjin de Suns wie de lêste wedstriid yn de earste faze fan de kompetysje. De ploegen wurde no op basis fan de ranglist opdield yn twa pûls fan seis. Aris stiet op it tsiende plak en komt dus yn de ûnderste pûl. Dêryn hawwe se noch wol kâns op de play-offs om it lânskampioenskip. Dêrfoar moatte se by de earste twa einigje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)