Gjin coronabesmettings by twadde Fieldlab-fuotbalwedstriid

11 mrt 2021 - 20:36

By de Fieldlab-fuotbalwedstriid tusken SC Cambuur en Almere City FC op snein 28 febrewaris is gjinien besmet rekke mei it coronafirus. It wie it twadde duel dit jier wêrby't publyk talitten waard. Dat barde yn it ramt fan de saneamde Fieldlab-eksperiminten, wêrby't ûndersocht wurdt hoe't dit yn tiden fan corona sa feilich mooglik kin.

Foto: OrangePictures

Alle dielnimmers moasten har fan tefoaren teste litte op it coronafirus. By de twadde coronatest, fiif dagen nei de wedstriid, kaam 82 presint fan de besikers opdaagjen. Dêrút kaam ien posityf testresultaat, mar út boarne- en kontaktûndersyk bliek dat dizze besmetting net by de wedstriid mar yn de privee-omjouwing nei de wedstriid barde, seit Fieldlab.

Ek by eardere Fieldlab-eveneminten lieten net alle besikers har achterôf teste op it coronafirus. Sa liet nei de proeffoarstelling fan Guido Weijers sirka ien op de fiif besikers him net teste, krekt as nei it earste fuotbalduel tusken NEC en De Graafschap. Dat levere krityk op fan minister Hugo de Jonge fan Folkssûnens. Hy sei dat konklúzjes fan de proef op dizze wize net mei wissens te lûken binne.

Test net ferplicht

De test achterôf mei net ferplicht steld wurde en is gjin ûnderdiel fan it ûndersyk, lei haadûndersiker fan Fieldlab Evenementen Andreas Voss earder út. "Het is vooral bedoeld om eventueel bron- en contactonderzoek door de GGD te vergemakkelijken." Voss stelt dat Fieldlab allinnich gedrachsûndersyk ferrjochtet en ynteressearre is yn ûnderlinge kontaktmominten by eveneminten en hoelang't dy duorje.

It duel, dat SC Cambuur mei 2-0 wûn, wie it fjirde praktykûndersyk fan Fieldlab en wie yn Almere ûnder tasjend each fan sa'n 1.350 seizoenkaarthâlders.

(Advertinsje)
(Advertinsje)