Keunstwurk is de nije 'stedspoarte' fan Drachten
Drachten hat sûnt dizze wike in twadde 'stedspoarte'. It giet om it keunstwurk KAPKAR / A7-29 X FT fan keunstner Frank Havermans, dat de tagong ta it doarp markearret.
KAPKAR / A7-29 X FT is de twadde markearring fan it keunstplan Bestemming Drachten, dat Stichting TAAK yn opdracht fan de gemeente Smellingerlân skreaun hat en útfiert. Yn dat plan wurde de wichtichste tagongsdiken nei it plak yn fjouwer wynrjochtings markearre troch keunstwurken. Yn it easten waard ein 2018 Monument voor Toekomstig Geluk fan Frank Koolen pleatst.
Ferbining tusken stêd en plattelân
It nije keunstwurk KAPKAR / A7-29 X FT stiet by de tagongsdyk oan de súdkant fan Drachten, by ôfslach 29 fan de A7. It is pleatst op de sydmuorren oan de fytstunnel dy't ûnder de A7 leit, in punt yn it lânskip dêr't de kuierder, fytser en automobilist elkoar kruse.
It moat as in ferbining jilde tusken 'stêd' - Drachten hat gjin stedsrjochten, mar kin kwa oerflak wol in stêd neamd wurde - en it plattelân. Neffens de gemeente Smellingerlân makket de markearring Drachten werkenber, en as bestimming ûnderskiedend en útnûgjend.
Skipswarf
De oplettende foarbygonger kin sjen dat de boppekant fan it keunstwurk beweecht, wêrtroch't it liket op in dynjend skip. It ûntwerp ferwiist dan ek nei in portaalkraan fan in skipswerf, om't de skipswerf fan Drachten eartiids oan de basis stie fan de yndustry yn de streek. Havermans hat dan ek sa folle mooglik gearwurke mei lokale bedriuwen.