FIDEO: Stimburo yn Eanjum wurdt omboud foar de ferkiezings

11 mrt 2021 - 17:30

It wie tongersdeitemoarn al betiid drok by MFA de Dobbe yn Eanjum. Yn it gebou waard it stimlokaal omboud foar de Twadde Keamerferkiezings. Fanwegen de coronakrisis kinne minsken dit jier al op guon lokaasjes op meardere dagen stimme. Sa ek yn Eanjum, dêr't minsken út de regio kommende moandei, tiisdei en woansdei telâne kinne.

It is de bedoeling dat âlderein en minsken mei in mindere sûnens sa op moandei en tiisdei yn alle rêst harren stim útbringe kinne. "It hat lykwols wol foar folle mear drokte yn de tariedingen soarge as yn foargeande jierren", fertelt projektlieder Minke Miedema. Ek binne der dit jier mear frijwilligers nedich, om't der yn totaal trije dagen binne om te stimmen.

Yn Eanjum waarden tongersdeitemoarn stickers oanbrocht en rinrûtes útset fanwegen de coronamaatregels. De folsleine romte is op dy manier omboud ta in feilige stimlokaasje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)