See-earnen yn Alde Feanen lizze earste aai, dizze kear yn nêst mei webcam

11 mrt 2021 - 15:26

De see-earnen fan de Alde Feanen, ferneamd fan de webcam, hawwe in aai lein. Dat is op himsels net sa unyk, want dat barde al fjouwer kear earder. Allinnich barde it noch nea yn in nêst dat ek op de webcam fan It Fryske Gea te sjen wie. It liket derop dat dat dizze kear wol sa is.

Foto: It Fryske Gea

Ditselde see-earnkoppel hold foargeande jierren sjoggers foar it lapke troch in nêst te bouwen foar de kamera, mar earne oars suksesfol te brieden. Op dat plak hinget dit jier de nêstcam. En dat liket no fertuten te dwaan.

De livestream 'Beleef de lente in It Fryske Gea' is sûnt 1 maart yn de loft. Bylden binne hjir te besjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)