170 nije coronabesmettingen yn Fryslân

It RIVM meldt tongersdei 170 nije coronabesmettingen yn Fryslân. Dat binne der 38 minder as in dei earder. Doe wiene der 208 nije besmettingen. Yn de ôfrûne wike binne der alle dagen yn trochsneed 192 besmettingen konstatearre.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeenten Ljouwert (34), Súdwest-Fryslân (33) en Waadhoeke (25).
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren trije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Súdwest-Fryslân en Achtkarspelen.
Der binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije sikehûsopnamen meld fan minsken dy't besmet binne mei it coronafirus.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne der 5.380 minsken besmet mei it coronafirus yn de ôfrûne 24 oeren. Dat is mear as it gemiddelde fan ôfrûne wike, doe't der gemiddeld 4.775 minsken deis posityf testen.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.