Provinsje freget ynbring boargers yn feiliger meitsjen N354

11 mrt 2021 - 18:01

De provinsje hâldt in enkête om derachter te kommen wat minsken harren ûnderfining is mei de N354. Der is de ôfrûne jierren al in soad dien om de provinsjale dyk tusken Ljouwert en Snits feiliger te meitsjen, mar dat liket mar net te slagjen. Oan de hân fan de antwurden ûndersiket de provinsje hoe't de dyk wol feiliger makke wurde kin.

Foto: Google Street View

De N354 is in wichtige ferbining yn Fryslân. "Wy ûndersykje hoe't wy dy dyk feiliger meitsje kinne, hoe't wy it trochstreamen fan it ferkear gâns ferhastigje kinne en oft wy beide doelen tagelyk realisearje kinne", seit deputearre Avine Fokkens-Kelder.

Mei help fan de útkomsten fan de fragelist bringt de provinsje yn kaart hoe't it ferkear op de hjoeddeistige N354 yn de takomst feilich en fluch ride kin. Omdat der ek oare diken en rûten yn it gebiet tusken Snits en Ljouwert binne, binne dy ek yn it ûndersyk meinommen, krekt as de rol fan de fyts en it iepenbier ferfier.

"It ferkear raast del"

Benammen yn Dearsum soarget de dyk foar gefaarlike situaasjes. Der is de ôfrûne jierren al in hiel soad dien om de N354 yn it doarp feiliger te meitsjen. Der binne rotondes en ovondes kaam, de maksimumsnelheid yn de beboude kom is oanpast fan 80 nei 50 kilometer de oere, der binne stopljochten kaam foar oerstekkend ferkear, en it asfalt is read makke om de dyk mear in 'doarpse' útstrieling te jaan en dykbrûkers alert te meitsjen op harren faasje.

Dochs bliuwt de dyk ûnfeilich, fertelt Ant Wiersma fan Doarpsbelang Dearsum. Sy set har al 25 jier yn om de dyk feiliger te meitsjen. "It ferkear raast hjir moarns en jûns noch del. Do meist hjir 50, mar minsken ride hjir 80."

Dat is foar minsken dy't de dyk opride wolle, libbensgefaarlik. "Der binne ek gjin streken op de dyk, dus as je de dyk opgeane, liket it altyd as komt al it ferkear op je ta, want auto's ride midden op de dyk." Grutte ûngelokken binne der noch net bard, "mar der binne somtiden wol situaasjes dat it krekt goed gie."

Ferslachjouwer Gerrit de Boer praat mei Ant Wiersma

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Pieter Siksma fan Doarpsbelang Dearsum hat de enkête fan de provinsje yntusken al ynfolle, mar hy is net bot ûnder de yndruk fan de fragen. "Der stiet net yn de enkête wat de plannen binne. Mar ik hoopje dat in soad Dearsumers en minsken dy't oan de dyk wenje 'm ynfolje."

Net in soad ferbettere

De bêste opsje is neffens him dat de dyk ôfsletten wurdt fan de paralleldyk. "Dus dat wy net mear út it doarp wei op de dyk komme kinne, mar dat wy fia de rotonde of ovonde moatte. Foar de buorren is dit nammentlik hiel gefaarlik", leit Siksma út. "Der is yn it doarp al in stopljocht kaam, mar dat smyt eins net op wat wy derfan ferwachte hiene. Kwa feiligens is der net in soad ferbettere."

Der is earder ek al praat oer in folslein nije dyk, mar dy is net realisearre. Hoe't de provinsje it feiligensprobleem op de N354 oanpakke sil, sil Siksma en Wiersma benije. "Dit is in hiele drege dyk om feilich te krijen. En as it wol slagget, bin ik benijd hoe't dat wurdt", beslút Siksma.

Pieter Siksma

(Advertinsje)
(Advertinsje)