Keatsbûn yn de startblokken, mar kin der wol keatst wurde?

11 mrt 2021 - 14:35

It keatsbûn KNKB is drok dwaande mei it organisearjen fan it keatsseizoen 2021. In lestige put, omdat der noch in soad ûnwis is. De regionale gearkomsten dy't de KNKB alle jierren hâldt mei de ferieningen gean wol troch, mar dan digitaal. Op 16, 18, 22 en 24 maart sille dy gearkomsten plakfine.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De Algemiene Ledegearkomste (ALV) stiet normaal yn maart op de wurklist. Dy is no fêststeld op 22 april. De KNKB hopet dy gearkomste fysyk dwaan te kinnen, lykas ferline jier doe't de ALV yn in sporthal organisearre waard. As dat net kin, dan wurdt ek de ALV in digitale gearkomste.

Ferieningen persoanlik belje

Undertusken is der drok oerlis tusken de KNKB en de ferskate gemeenten. Ek ûndernimt de KNKB aksje yn de rjochting fan de ferieningen, seit bûnsdirekteur Marco Hoekstra: "Wy belje alle ferieningen persoanlik op. Wy freegje har ek safolle mooglik de aktiviteiten wer op te starten. Mar foarearst kin der noch hast neat. Gjin ledepartijen bygelyks, dat is noch ferbean. Ek de akkommodaasjes binne noch ticht. Mar wat hjoed net kin, kin moarn miskien wol. Us tariedingen binne basearre op in regulier seizoen. En as dat net kin, dan moatte wy it oanpasse lykas ferline jier."

Foto: Henk Bootsma

It KNKB wol ek witte hoe't de ferskate ferieningen der yn sitte. En dat smyt in ferskaat byld op: "Sommigen sjogge it net sitten en der binne ek guon ferieningen dy't gjin haadklassepartij organisearje wolle as der gjin feesttinte op it terrein mei bygelyks. Oan de oare kant stean der ek ferieningen te springen om in partij te organisearjen."

Yn maaie los

De rûtekaart is ûnwis, sa seit Hoekstra, mar de KNKB wol dat de keatswrâld der klear foar is wannear't der aanst wer keatst wurde kin. Yn prinsipe giet it keatsseizoen foar de manlju haadklassers los op 2 maaie mei in ôfdielingspartij yn Weidum. De haadklasse froulju begjinne it seizoen as alles troch gean kin op 1 maaie mei in troch-inoar-lotsjen-partij yn Wergea.

Ferskate senario's

Neffens Hoekstra binne der lykwols ferskate senario's tinkber. In ferlinging fan it seizoen ta ein septimber, krekt as ferline jier, heart bygelyks ta de mooglikheden.

De KNKB organisearret yn it Pinksterwykein sels altyd twa bûnspartijen. De junioaren en senioaren komme dan yn aksje yn Frjentsjer. "It Pinksterwykein is al tichteby. It soe miskien kinne sûnder publyk, mar wy sjogge ek nei alternative datums. Mar dat moat dan wol wer yn de aginda passe. Ik bin bang dat wy lykas as yn 2020 wer maatwurk leverje moatte. Wy gean der fanút dat der wol ferromming komme sil, allinnich is de fraach wannear't dat is. Mar dan moatte wy der wol klear foar wêze."

PC mei publyk

De PC hat op 1 jannewaris by Omrop Fryslân al witte litten dat de belangrykste keatspartij fan it jier yn 2021 wól troch giet. Yn 2020 seach de PC ôf fan de organisaasje fan de 166e PC, omdat der gjin publyk by de wedstriid wêze koe. Yn 2021 leit it dus oars.

Keatsen op it Sjûkelân - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De kommisje giet der op dit stuit fanút dat de PC op de fêststelde datum fan 4 augustus keatst wurde sil, seit foarsitter Ids Hellinga: "Mei publyk ja. De prognoazen op dit stuit binne sa dat dêr mooglikheden foar komme. It is fansels wol ôfhinklik fan de easken dy't steld wurde, mar it liket der op dat je yn augustus oantoane moatte dat je faksinearre binne of in negative coronatest oerlizze kinne. Dêr wurdt op dit stuit sels in app foar ûntwikkele. Dus soks sil it wol ûngefear wurde tink ik. Dat hâldt fansels wol yn dat wy as organisaasje dêr op antisipearje moatte."

Yn 2020 hie de PC ek in alternative datum yn gedachten. Dat is ek dit jier sa neffens Hellinga. "As it yn augustus bygelyks net kin mei publyk en yn septimber wol, dan wolle wy dy mooglikheid iepen hâlde as konsesje nei it publyk. Wy hawwe yn dat gefal as datum 15 septimber yn 'e holle."

Freule hopet op 11 augustus

Ek de organisaasje fan de Freule Partij giet út fan in reguliere Freule, sa seit foarsitter Tjeerd Dijkstra: "Wy gean út fan it organisearjen fan de Freule op de fêststelde datum fan 11 augustus. Eventueel mei it talitten fan in beheind publyk, lykas yn 2020. Mocht it sa wêze dat der yn augustus net of amper publyk by it keatsen mei, mar dat dêr yn septimber wol mooglikheden ta binne, dan kinne wy wer oerwage om de Freule troch te skowen. Alles falt en stiet mei de situaasje oangeande it coronafirus."

Trefwurden: 
keatsen PC Freule coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)