Korte ferfangt Kallon foar kreaker tsjin Go Ahead

11 mrt 2021 - 14:18

SC Cambuur moat it yn de wedstriid tsjin Go Ahead Eagles noch altyd dwaan sûnder in oantal oanfallers. Nick Doodeman, Mitchel Paulissen en Michael Breij wiene al langer blessearre en dêr komt no ek Issa Kallon by. Dy lêste foel út yn de wedstriid tsjin Telstar fan ferline wike en mist it duel mei Go Ahead Eagles. Giovanni Korte is syn ferfanger.

Trainer Henk de Jong

Go Ahead Eagles is dit seizoen in drege tsjinstanner foar Cambuur. Al twa kear ferlearen de Ljouwerters dit seizoen fan de ploech út Deventer, wêrfan ien kear foar de beker. Mar dat betsjut net dat Henk de Jong ekstra motivearre is foar dizze edysje. "Sa tink ik net, wy wolle fan alle tsjinstanners winne." Hokker lessen leart de trainer fan Cambuur út de eardere twa wedstriden? "De thúswedstriid ha we hjir kansen hân. Moatst dyn kânsen benutte. Dat is it eins. En wêr't we hiel goed op lette moatte, binne de standertsituaasjes fan se. Dêr moatte we skerp op bliuwe."

Tredde perioade

Neist de trije punten stiet der ek noch wat op it spul. Cambuur kin, nei de earste- en de twadde-, ek de tredde perioadetitel winne. Dan moat it wol sels winne fan Go Ahead Eagles en moat De Graafschap punten ferspylje tsjin Telstar. De Jong hopet op wer in priis: "Dat we dizze perioade meidraaie oant de ein, is in goed teken. As we dat de lêste perioade ek dogge, is dat ek in goed teken en steane we der goed foar. As sportman wolle je alles winne watst winne kinst. Dan ha we wer sa'n byld en dat binne belangrike dingen."

Tuskenstân tredde perioade

1. De Graafschap 8 - 22
2. Go Ahead Eagles 8 - 21
3. SC Cambuur 8 - 20
4. NAC Breda 8 - 20

De Jong ferwachtet dat Doodeman folgjende wike wer oanslute kin by de seleksje fan Cambuur. Dat hy freed net meidocht, is mei in reden. "Je moatte ek in bytsje tûk wêze. Nije wike giet Jarchinio Antonia nei Curaçao, dan kinne we better dat jonkje hielendal fit krije sadat er nije wike starte kin. As je no risiko's nimme, silst krekt sjen dat it net goed komt."

Paulissen is der in wike letter wierskynlik wer by, tsjin Roda JC. Datselde jildt foar Breij.

Giovanni Korte

Yn de seleksje libbet it gefoel ek hiel bot dat se de tredde perioade winne wolle, fertelt Korte. "Als je een prijs kan pakken, wil je hem toch pakken. Om te laten zien dat we heel goed zijn." En boppedat is der noch in appeltsje te skilen mei Go Ahead. "We hebben twee keer van ze verloren. Deze moeten we echt pakken. Dat merk ik wel, dat gaat gebeuren. Ik merk dat iedereen extra gefocust is. Ze zakken veel in en laten ons komen. Daar moeten we iets op verzinnen en dat gaan we doen."

Korte is ien fan de spilers dy't in ôfrinnend kontrakt hat. Hy soe dus yn teory nei dit seizoen fergees de doar út rinne kinne. Of hat Cambuur him al in oanbieding dien om syn kontrakt te ferlingjen? "Nee, ik heb niets gehoord nog. Dat gaan we zien."

Foto: Orange Pictures

De wedstriid tusken SC Cambuur en Go Ahead Eagles begjint freedtejûn om 21.00 oere. Yn in ekstra sportprogramma op de radio docht Omrop Fryslân ferslach. It kommentaar komt fan sportferslachjouwer Andor Faber. Sneon yn it Cambuur Sjoernaal is der in wiidweidich ferslach te sjen fan it duel.

(Advertinsje)
(Advertinsje)