Fjouwer moanne sel en 120 oeren wurkstraf easke foar stekynsidint De Gordyk

11 mrt 2021 - 13:55

Tsjin in 33-jierrige ynwenner fan De Gordyk is tongersdeitemoarn in selstraf fan fjouwer moannen en in wurkstraf fan 120 oeren easke foar poging ta deaslach. Op 24 augustus fan ferline jier soe de man in oare ynwenner fan De Gordyk delstutsen ha yn de wenning fan it slachtoffer.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

Neffens de fertochte wie hy nei it adres tagien om't de bewenner in freon fan him stikken guod ferkocht ha soe. Hy seit dat hy út it neat oanfallen waard troch it slachtoffer. Dy seit just dat it oarsom barde.

De fertochte hat yntusken al fjouwer moanne yn 'e finzenis sitten. Neffens de offisier fan justysje hoecht hy dan ek net werom de sel yn. Wol easke de offisier in selstraf ûnder betingst fan 16 moanne. Fierder moat de fertochte in behanneling ûndergean, en in alkohol- en drugsferbod krije.

De rjochtbank docht op 25 maart útspraak yn de saak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)