UPDATE: Frachtskip sinkt foar de kust by Makkum, wurdt leechpompt

It frachtskip dat op 'e Iselmar foar Makkum yn de problemen rekke is wurdt op dit stuit leechpompt troch Rykswettersteat. As al it wetter derút is kin it skip wer driuwe en dan giet it nei Koarnwertersân.
Frachtskip sinkt
Om it middeisoere hinne rekke it skip yn de problemen troch de hurde stoarm. Doe't it drige te sinken koe de skipper it skip op in ûndjipte krije. Rêdingsboaten út Hylpen ha de minsken en in hûn dy't oan board wiene fan it skip helle en nei de fêste wâl brocht.
It skip, dat sâlt ferfierde, kaam yn de problemen troch it stoarmeftige waar en is hielendal oan de boaiem rekke. It is net djip op it plak dêr't it skip sonken is. Hoe lang it duorret foardat it skip loskomt is net dúdlik. Rykswettersteat hat ekstra pompen brocht om it tempo op te fieren.
© CAMJO media