Slachfjild yn kabouterbosk Kimswert: "Guon kabouters misse de holle"

11 mrt 2021 - 13:33

It kabouterpaad yn 'e bosk by Kimswert is moandeitejûn fernield. In hiel soad kabouters binne stikken makke. Sa binne der kabouters dy't gjin holle mear ha, wylst oaren harren fuotten misse of gewoan stikken smiten binne. Inisjatyfnimmer Willem de Haan is bot teloarsteld. "Dit is mei in soad geweld dien. Ik fyn dit skandalich."

Slachfjild yn kabouterbosk Kimswert

De Haan stiet mei in amer fol brokstikken yn 'e hân. "Myn earste gedachte wie, wat ferskriklik. Ik bin hiel lilk, wa docht soks? It is boartersguod foar lytse bern, foar pjutten en beukers. Hokker opfieding ha je hân dat je dit op moandeitejûn ferniele moatte?

De Haan is fan doel om it kabouterbosk opnij op te bouwen. "Se krije ús net tsjin de grûn. We binne hjir fierwei famylje fan Grutte Pier, wy falle net mei ien slach. Ik ha elk al fan ferskate kanten help oanbean krigen. Mar eins moat de dieder wol earst fûn wurde, want wa seit my dat se it net wer dogge?"

Ferslachjouwer Jantine Weidenaar op it slachfjild yn 'e bosk by Kimswert

Der is yntusken oanjefte dien by de plysje. In jier lyn wie it kabouterbosk by Kimswert ek yn it nijs, doe't der kabouters stellen waarden.

Trefwurden: 
Kimswert kabouters
(Advertinsje)
(Advertinsje)