Opskuor oer davidstjer op gemeenteflagge Noardeast-Fryslân

11 mrt 2021 - 17:00

Der is opskuor oer de giele stjer op de gemeenteflagge fan Noardeast-Fryslân. Dy liket te folle op de davidstjer dy't de Joaden yn de Twadde Oarloch drage moasten. Bizar, sa lit it Centrum Informatie en Documentatie Israël (CIDI) witte. De gemeente Noardeast-Fryslân lit de flagge oanpasse.

Opskuor oer davidstjer op gemeenteflagge Noardeast-Fryslân

"Zo'n gele ster hoort niet op een vlag van een Nederlandse gemeente", seit Joshua Friedmann fan it CIDI. Friedmann hat yntusken kontakt hân mei de gemeente Noardeast-Fryslân en dúdlik makke dat dit net kin. Boargemaster Johannes Kramer neamt it in 'ferfelende kwestje'. "As it sein wurdt en je sjogge de flagge, dan kinne je der net omhinne", seit er. "We wolle gjin argewaasje oer ús flagge."

Op basis fan trije eardere gemeenteflaggen

De gemeenteried hat in wike lyn de gemeenteflagge unanym fêststeld. De gemeente Noardeast-Fryslân is op 1 jannewaris 2019 ûntstien nei in fúzje fan Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân. Foar de nije gemeente wie in nije flagge nedich. Foar de seispuntige stjer is keazen om't dy ek op de flaggen fan de trije âlde gemeenten stie, mar dan wol lytser of yn in oare kleur. De giele seispuntige stjer stiet ek yn it wapen fan Noardeast-Fryslân, dat al langer bestiet.

"Onbegrijpelijk. Ik snap niet dat je dan die gele ster zo prominent terug laat komen als je een nieuwe vlag gaat ontwerpen", seit Arnold Helmantel fan anty-diskriminaasjeburo Tûmba. Helmantel neamt it 'verontrustend'. "Is er dan niemand die in dat hele proces één keer heeft gedacht: dit doet ons ergens anders aan denken?"

By Tûmba is yntusken in klacht binnenkaam oer de nije gemeenteflagge. "We hebben een melding binnengekregen van iemand die het erg raakt en die het symbool niet vindt passen op een gemeentewapen", seit Helmantel.

De flagge is toetst troch de Hoge Raad van Adel, dy't oer alle ûntwerpen foar wapens en flaggen yn Nederlân advisearret. De gemeente Noardeast-Fryslân siket wer kontakt mei de Hoge Raad foar in minder "aanstootgevend" ûntwerp, seit Kramer, mar dat kin wol even duorje.

Reaksjes op social media

Op Facebook steane in soad reaksjes op de gemeenteflagge fan Noardeast-Fryslân. "Hoe verzinnen ze het, een Jodenster", skriuwt Lizzy Jan. "Een mooie ster, nu nog een Ausweiss", seit Jacob Bijlstra. En Anita van der Meulen skriuwt "De ster heeft echt wel mijn twijfels". Se ferwize nei de Twadde Wrâldoarloch doe't op 3 maaie 1942 alle Joaden ferplichte waarden om in giele seispuntige davidstjer dúdlik op harren klean te dragen.

Arnold Helmantel fan Tûmba

(Advertinsje)
(Advertinsje)