Gjin betsjinning fan provinsjale brêgen fanwegen stoarm Evert

11 mrt 2021 - 11:22

Alle provinsjale brêgen yn Fryslân wurde op it stuit net betsjinne. Dat hat te krijen mei de hurde wyn. It is de earste stoarm fan de maitiid, dy't de namme Evert meikrigen hat, neamd nei twafâldich alvestêdewinner Evert van Benthem.

De brêge yn Dronryp - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Yn Fryslân jildt fanwege de hurde wyn oant 18.00 oere koade giel. Op de swierste mominten kinne wynstjitten fan 100 oant 110 kilometer yn 'e oere foarkomme. Waarman Piet Paulusma warskôget foar 'rûch waar'.

Ut ferskate plakken yn de provinsje komme meldingen fan stoarmskea: Ljouwert, Langwar, Nijlân, De Lemmer, Akkrum en Beetstersweach.

Trefwurden: 
stoarm Dronryp brêgen Evert
(Advertinsje)
(Advertinsje)