Sietske H. fynt straf te heech

17 nov 2011 - 10:41

Sietske H. út Nij Beets fynt dat se straf fertsjinnet, mar de straf dy't se dit jier fan de rjochtbank krige, is te heech. Dat sei Sietske H. tongersdei yn it gerjochtshôf yn Ljouwert. Dêr tsjinnet de hegerberopsaak tsjin de 27-jierrige frou. De rjochtbank feroardiele har yn maaie fan dit jier ta 12 jier selstraf foar it ombringen fan har 4 poppen. Neffens de rjochter brocht sy har poppen fuort nei de berte om it libben.

Yn trije gefallen gie it om bernemoard, yn ien gefal om bernedeaslach. Sietske H. sei fan 'e moarn dat se foar bernedelslach straf ha moat, en net foar bernemoard.

Trefwurden: 
Nij Beets Sietske H.
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)