Lêste fergeze parrebeammen no echt fuort, plannen foar nij inisjatyf

11 mrt 2021 - 10:39

De aksje mei fergeze parrebeammen fan Landschapsbeheer Fryslân is in grut sukses. Sûnt ôfrûne hjerst hat de organisaasje tûzenen beammen útsutele. De animo wie tige grut, en der wurdt dan ek alwer tocht oan nije inisjativen.

Foto: Omrop Fryslân

De útsutelaksje is ûnderdiel fan it projekt Plan Boom Fryslân. It is de bedoeling dat der de kommende trije jier 700.000 nije beammen yn de provinsje komme. De earste 10.000 binne no te plak, mar der is noch wol in slach te meitsjen, sjocht ek Jan Piet de Boer fan Landschapsbeheer Fryslân: "Ja, it is in drip op de gloeiende plaat, mar mei boskplantsoenbeamkes giet it daliks folle rapper, en as je ien grutte oerflakte oanplantsje kinne dan kinne je de ambysje wol wier meitsje."

Jan Piet de Boer fan Landschapsbeheer Fryslân

De organisaasje wol dan ek minsken oproppe, dy't in stik grûn hawwe dêr't se bosk op hawwe wolle, om harren te melden. "Om de ambysje fan 700.000 nije beammen wier te meitsjen, hawwe wy ek minsken nedich mei grûn dêr't wy de beammen op kwyt kinne."

Sjors Meinders is drok dwaande de parrebeammen yn te laden - Foto: Omrop Fryslân

Dêrnjonken wurket Landschapsbeheer no gear mei Urgenda om te sjen nei de mooglikheden om bepaalde beammen te herplantsjen. It giet dan om beammen dy't groeie op plakken dêr't se eins net hearre, bygelyks op de heide of yn in moerasgebiet. No wurde dizze beammen faak noch fuortsmiten, mar dat soe mooglik ek oars kinne.

Tongersdeitemoarn wurde de lêste parrebeammen fuortbrocht. Sjors Meinders hat de taak om se rûnom yn de provinsje by minsken del te bringen. Hy merkt dat de aksje by in hiel soad minsken posityf ûntfongen wurdt: "De minsken binne bliid as ik kom, ik bin krekt Sinteklaas, it is echt in kadoke." Neffens Meinders is it nettsjinsteande de stoarm in goed momint om no de beammen del te bringen. "It is krekt maitiid, en it is perfekt om de beammen no te plantsjen."

Sjors Meinders sutele al dy parrebeammen út

(Advertinsje)
(Advertinsje)