Opnij streek troch Fytsalvestêdetocht, wol 'plan B'

11 mrt 2021 - 16:55

Der komt dit jier opnij gjin Fytsalvestêdetocht. Dat hat it bestjoer fan de tocht besletten fanwegen de ûnwisse situaasje mei it coronafirus. "Begin deze maand kwamen wij als bestuur tot de conclusie dat het perspectief op het organiseren van een reguliere Fietselfstedentocht nog altijd niet gunstig is. Daarom hebben wij noodgedwongen besloten opnieuw een streep te zetten door de tocht." Der komt wol in 'plan B'.

Opnij streek troch Fytsalvestêdetocht

Minsken kinne de rûte fan maaie sels ôf wol sels fytse. Dêrfoar komt der yn de wike foar it pinksterwykein (23 en 24 maaie) in app wêrby't minsken oanjaan kinne dat se de tocht dogge. Dielnimmers bepale dan sels wannear't se fytse, tusken ein maaie en snein 1 augustus. Minsken ha dan 19 oeren de tiid om de tocht te folbringen.

Om grutte drokte foar te kommen, kinne minsken sels bepale wêr't se oan de tocht begjinne. Yn alle stêden, plus Holwert en Aldemardum, komme buorden mei QR-koades. Dêr kinne minsken dan 'digitaal stimpelje'. Foarsitter Stephan Rekker hold al rekken mei dit senario.

Gjin organisaasje, allinnich fasilitearje

"Wij willen benadrukken de Fietselfstedentocht dit jaar niet te organiseren, maar slechts te faciliteren", skriuwt de organisaasje. "Met ons 'Plan B' willen wij onze trouwe deelnemers de kans bieden om - als de coronasituatie dat toestaat - alsnog de Fietselfstedentocht te rijden. Een belangrijk voorbehoud is dat wij de deelnemers oproepen zich aan de door de overheid vastgestelde regels te houden en dus niet met meer mensen te fietsen dan op dat moment is toegestaan."

Stephan Rekker fan de organisaasje fan de Fytsalvestêdetocht

(Advertinsje)
(Advertinsje)