Skras troch mynbou is 'boppeslach foar Waadsee en klimaat'

De tasizzing fan de Twadde Keamer om earst gjin mynbou ûnder de Waadsee ta te stean soarget foar blydskip by de Waadferiening. "Dit is in boppeslach foar de Waadsee en foar it klimaat", seit Lutz Jacobi.
Skras troch mynbou is 'boppeslach foar Waadsee en klimaat'
De Keamer freget it regear om gjin 'onomkeerbare stappen' te setten salang't der noch gjin resultaten bekend binne fan ûndersyk nei de gefolgen fan de mynbou, de 'hân-oan-de-kraan'-metoade, boaiemdelgong en seespegelstiging. "Foar ús betsjut it dat de minister gjin fergunning foar nije winningsplannen ôfjaan mei oant dy ûndersiken yn de Twadde Keamer bepraat binne. En it is ek goed nijs foar it klimaat, want de útstjit fan mear CO2 wurdt hjirmei foarkaam."

Regionale en lokale oerheden woenen it ek net

"De provinsjes Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân woenen al langer gjin nije gas- of sâltwinning ûnder de Waadsee", seit Jacobi. "Dat ha de provinsjes ek dúdlik makke oan it regear. Ek de gemeenteried fan Noardeast-Fryslân en de boargemasters fan alle Waadeilannen woenen it net. Dus ik tankje de yntsjinners fan de moasje en de mearderheid fan de Twadde Keamer foar de stipe."
In mearderheid yn de Twadde Keamer wie foar it foarstel fan ChristenUnie, GrienLinks en D66. "De Wadden vormen een prachtig, maar kwetsbaar ecosysteem dat onze bescherming verdient", seit Carla Dik-Faber fan de ChristenUnie. "Deze pas op de plaats is heel goed en biedt hopelijk perspectief op betere bescherming van het Wad!"