Torenpad op Flylân hjit tenei Liesbeth Listpad

11 mrt 2021 - 09:58

It paad dat nei de fjoertoer fan Flylân rint hjit tenei it Liesbeth Listpad. It is in earbetoan oan de sjongeres, dy't opgroeide op it eilân. "Het is een passend en blijvend eerbetoon dat het pad naar de vuurtoren nu naar haar vernoemd is", skriuwt it kolleezje fan B&W.

Foto: Gemeente Flylân

Liesbeth List ferstoar ferline jier op 78-jierrige leeftiid. Se hie in foarm fan demintens, as gefolch fan harsenletsel út it ferline. As bern waard se adoptearre troch de fjoertoerwachter fan Flylân en groeide dêr op.

Wannear't de coronamaatregels dat talitte, wurdt it nammeboerd pleatst en feestlik ûntbleate.

(Advertinsje)
(Advertinsje)