Transplantaasje fan 2.000 kante meter reid helpt fiskmigraasjerivier

11 mrt 2021 - 09:33

In nije reidoever oanlizze yn de fiskmigraasjerivier by de Ofslútdyk is sa ienfâldich noch net. Dat koe allinnich mei in spesjale oanpak; mei in reidtransplantaasje út de Makkumernoardwaard wei. Mei elkoar 2.000 kante meter reid mei dêrûnder in grutte klút ierde is sa oer de Iselmar hinne ferhuze.

Transplantaasje fan reid

Mei in bouhelm op stiet Jeroen Koeleman tefreden te sjen hoe't in graafmasine seadden mei reid ynelkoar drukt oan de binnenkant fan de westflank fan de fiskmigraasjerivier. Koeleman is technysk projektlieder fan de fiskmigraasjerivier foar de provinsje en hy wit dat dit nedich is om in reidoever te meitsjen. Foar dy nije oever is ek in seadde klaai brûkt dêr't reid ek goed op groeie wol.

Koeleman leit út hokker probleem dêrmei oplost wurdt: "Wy ha hjir in nije sândaam en dy opspuite mei sân út de fargeul fan de Iselmar. Trochdat wy it opspuitsje, sitte dêr gjin 'voedingsstoffen' mear yn." De klaai, de seadde en de grûn út de Makkumernoardwaard moat derfoar soargje dat it reid der wol groeie wol.

Rûch wetter

It is net de earste kear dat dizze oplossing brûkt wurdt, seit Koeleman: "Dit keunstke is troch de firma BWO wol mear dien foar Rykswettersteat op it Zwarte Water en op IJsseloog. Wy ha dêr de ynformaasje ek fan brûkt oer wat it sukses is en hoe't soks giet."

It moat ek yn ien kear goed, omdat de Iselmar in rûch wetter is wêrby't alles al gau fuortspielt as je it ferkeard oanpakke.

In fracht reid ûnderweis nei de fiskmigraasjerivier - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

It Fryske Gea is sawol behearder fan de Makkumernoardwaard as de takomstich behearder fan de fiskmigraasjerivier. "Wy ha hjir in unike kraan stean achteryn de geul", seit distriktshaad Germ van der Burg. Hy leit út hoe't it reid út it natuergebiet helle is. "Dy kraan hat in soarte fan kuilsnijer foarop en dy snijt plaggen reid fan in meter dik en twa meter breed. Dy wurde op pontontsje set mei pallets en sa wurde sy úteinlik op in grutter ponton nei de fiskmigraasejrivier fearn."

Der is net allinnich mar reid fuorthelle út it natuergebiet. Tagelyk is der ek in proef útfierd om de Iselmarkust te fersterkjen. "Yn dat lêste projekt binne wy dwaande om wetterreid te realisearjen. Dat is wichtich foar fisken om yn te groeien en te ridzjen en foar sompebriedfûgels. Dêrfoar moatte we reid fuorthelje of wieter meitsje. Dat brûke wy dan wer foar in part foar de fiskmigraasjerivier, mar it oare part moatte wy hjir ôfgrave en ferwurkje."

Wat is de fiskmigraasjerivier?

(Advertinsje)
(Advertinsje)