Kollum: "Bestelle"

11 mrt 2021 - 08:16

"Dit wykein bleau myn each heakjen by in sintsje yn 'e krante. It stie yn in stik fan Patrick van IJzerdoorn, korrespondint foar De Volkskrant yn Ingelân, oer hoe't it dêr gien wie mei de lockdown. Dy wie stranger as by ús, en dizze wike foar it earst waard der wat ferromme. Want, wie it net wat opmerklik dat de op ûnôfhinklikheid ôfjage en stoïsynske Ingelskman him sa skikte nei de beheinende lockdown? Wat is der bard mei Keep Calm and Carry On; of soe dy frijheidsleafhawwende Ingelskman dochs foaral in myte wêze?

Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Botte Jellema

Premier Boris Johnson sei yn septimber noch dat it wol tige lestich wêze soe om oan syn lânslju te freegjen har oan 'e rjochtlinen te hâlden. Mar de befolking reagearre goedwillich. Johnson referearre dêrnei yn 'e striid tsjin corona graach oan 'e oarloch. Hy neamde de komst fan de faksins 'artillery', en meat himsels de rol fan Churchill oan.

Van IJzerdoorn skriuwt: 'Johnsons landgenoten konden aan de oorlog deelnemen door thuis te blijven'. In deadlike opmerking. Fansels meie we it yn dit lân al 76 jier net sizze, mar it binne nuvere jonges, dy Ingelsken. Jawis, se kamen oer it Kanaal yn '44, se ha fochten tsjin Nazy-Dútslân, en dat diene se fuortendaliks, fiif jier neidat Hitler Poalen binnenfallen wie. Ik bedoel: je moatte útsjen mei sokke retoryk.

Ek no, mei corona, koene se thús bliuwe. In ferromming wie it foar de Ingelsken, dat se net yn de folle forinzetreinen hoegden en de kantoartunen mije koene. Dat wie sels moreel korrekt om te dwaan! De health and safety-kultuer op it eilân is de reden foar it sukses fan de lockdown. En it skuldgefoel nei wurknimmers yn fitale beroppen koe fuortklapt wurde, sa skriuwt Van IJzerdoorn. En dan komt it sintsje dat al in pear dagen yn myn holle om spûket.

'Er was geen lockdown', stelde iemand, 'slechts een middenklasse die zich verborg terwijl de arbeidersklasse spullen rondbracht.'

En dat is hjir presys itselde.

Alle dagen fan de lockdown ha ik hjir yn 'e strjitte de PostNL-besoarger. Noch altyd gedoch oer de troch PostNL selskreëarre ZZP-besoargers (dy't foar eltse stop 1 euro 50 krije, wat 50 sint minder is as trije jier lyn), witst wol, fan dy selsstannige besoargers mei PostNL-jaskes oan en ridend yn in PostNL-buske en besoargje foar troch PostNL fêststelde tariven, foar dat PostNL dat ferline jier 5.000 persint mear winst makke as it jier dêrfoar, mei 213 miljoen euro, dat PostNL. Dy besoarger hat in mûlkapke, op 'e kin, dus foar de foarm, klimt wat dreech út syn buske, om't er wat oan 'e knibbel hat, en moat by ús portyk alle dagen wol ien adres ha. Net ien docht sels iepen, de besoarger sjocht gjin minske. De doar wurdt iepen buzzd en it pakje wurdt oan de oare kant fan 'e foardoar set.

We jouwe yn Nederlân-logistyklân gjin sint te folle út oan ús besoargers. Ik freegje my wolris ôf wa't myn besoarger in nije bus jout, as synt stikken giet. Of in nije knibbel. En de middenklasse mar bestelle. En noch in pakje. En noch ien. En noch in doaze mei boadskippen foar it jûnsmiel. En o ja, ik doch it ek wolris. Mar it begjint hieltyd ûngemakliker te fielen.

Deselde De Volkskrant skreau tiisdei oer de bitcoin; de kryptomunt stiet wer ris op rekôrhichte. En dat makket it lukratyf om bitcoins te 'delven', wat betsjut dat kompjûters op folle krêft eat oan it útrekkenjen binne, en as dat mar lang genôch duorret, dan rôlet dêr in nije bitcoin út. It wrâldferbrûk oan stroom hjirfoar wurdt skat op mear as it komplete enerzjyferbrûk yn Nederlân. Ja, de ferfeelde, har ferbergjende middenklasse hat yn de lockdown jild en tiid oer, en rinte krijst net mear, dus sa komt it dat we yntusken allegearre wol ien ferhaal kenne fan ien dy't in nije keuken kocht hat fan syn bitcoin.

Foar belestingen moatst de bitcoin opjaan by Box 3, mei de wearde fan 1 jannewaris. De wearde wie op 1 jannewaris 2020 de bitcoin in lytse 6.500 euro. De wearde is no mear as 45.000 euro. Dus belesting betellet de middenklasse amper, sjoen de winst. En dan kinst wer bestelle, en de arbeidersklasse bringt de nije keukens efter ús doar, en ja til soks mar ris mei in mûlkapke op, en sa makket kapitalisme ús wrâld soms ûnsjoch dystopysk.

Fun fact: Churchill waard yn '45 fuortstimd as premier. Nije wike binne hjir ferkiezingen."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)