Fûgelwacht yn Grou siket dronepiloat om nêsten op te spoaren

No't de earste ljipaaien fûn binne, binne de neisoargers wakker dwaande om nêsten te finen en te markearjen. Sa wurdt foarkaam dat boeren op it lân oer de aaien of de pykjes ride. By de neisoarch brûkt it Bûn fan Fryske Fûgelwachten jier drones yn de hiele provinsje, mar net oeral binne genôch minsken om dy drones te betsjinjen.
In greidefûgeldrone yn aksje by Drylts © Remco de Vries, Omrop Fryslân
De drones moatte betsjinne wurde troch piloaten en de fûgelwacht yn Grou hat driuwend ferlet fan ien of twa piloaten. "Wy binne wiis dat wy yn ús gebiet ien piloat ha yn de persoan fan Geert Baar", seit foarsitter Bonne Bruinsma fan de Grouster fûgelwacht. "Mar der binne op syn minst twa piloaten nedich om de nêsten op te spoaren: ien foar it fleanen en ien foar it betsjinjen fan de waarmtekamera."
Neffens Bruinsma is de neisoarch tige wichtich. "De boer hat gjin tiid om alles op te sykjen. Dat docht de neisoarger. Mar de praktyk wiist út dat dy net alles fine kine en dan is sa'n drone nedich, foaral as it gers lang is."
As in drone in nêst opspoart dan moat de neisoarger noch hieltyd it lân yn on te sjen oft it echt om in nêst giet en om it te markearjen. Geert Baar wurket sûnt ferline jier as piloat. "Wij missen bijna niks", seit er. Hy hopet derop dat in oare kandidaat-piloat him meldt.