Aldereinbûn wol dat stimme makliker kin: 'Protte âlderein komme der net út'

11 mrt 2021 - 07:02

De stichting Friese Ouderenbonden krijt in soad klachten oer it stimmen foar âlderen dy't net op 17 maart nei it stimburo wolle of kinne. Yn in brief freget it âldereinbûn dêrom oan alle gemeenten yn Fryslân om it yn de takomst makliker te meitsjen. Boppedat soe der op de stimburo's in spesjaal deidiel foar senioaren reservearre wurde moatte.

Aldereinbûn: 'stimme moat makliker kinne'

De Friese Ouderenbonden hat in brief skreaun oan alle Fryske gemeenten wêryn't se har beklach dogge oer de stimprosedueres foar de lanlike ferkiezingen op 15, 16 en 17 maart. Sa is neffens foarsitter Gerben Boskma fan de stichting de mooglikheid foar senioaren om te stimmen fia de post ûnnedich yngewikkeld makke. In hiel soad âlderein komt der gewoanwei net út.

Stimformulier net jildich by hantekening op ferkearde kant

"Sa moat njonken it stimformulier ek in stimpas opstjoerd wurde", seit Boskma. "Dy lêste moat op de foarside tekene wurde, wylst in hantekening op de achterkant folle logysker liket. Mar yn dat gefal is it stimformulier net mear jildich."

Foto: Omrop Fryslân

Neffens Boskma sjogge dêrom in soad fan de leden ôf fan de skriftlike stimmooglikheid. "Wylst dat krekt ynsteld is foar minsken dy't minder maklik de doar út kinne, kieze de measten dan dochs foar in gong nei it stimburo. Mar dan is wer net dúdlik wannear't je krekt op it stimburo terjochte kinne, want de iepeningstiden ferskille. Dêrtroch is de kâns grut dat je foar in tichte doar komme."

Hast alle stimburo's yn Nederlân binne iepen fan 7.30 oant 21.00 oere. Allinnich 'bysûndere' en mobile stimburo's kinne ôfwike. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan de Kiesraad.

Boskma freget yn it brief oan alle gemeenten om tenei in bepaald deidiel spesjaal foar senioaren te reservearjen. "Dan witte we allegear krekt wêr't we oan ta binne en kinne we yn alle rêst ús stim útbringe."

(Advertinsje)
(Advertinsje)