Gjin stunt fan VC Snits tsjin koprinner Apollo

De follybalsters fan VC Snits ha net foar in ferrassing soargje kind tsjin koprinner Apollo. VC Snits ferlear woansdeitejûn mei 1-3 fan de ploech út Borne. De setstannen wienen 16-25, 13-25, 25-22 en 23-25.
VC Snits baalt nei it ferlies © Orange Pictures
Yn de earste twa sets hie Snits it dreech, dy gongen alletwa relatyf ienfâldich nei de besikers. De tredde set wie wol foar Snits. Dêrnei slagge it de ploech krekt net om ek noch in beslissende fiifde set ôf te twingen.
It wie de twadde wedstriid yn de kampioenspûl. Ofrûne wykein makke Snits it tsjin Sliedrecht Sport yn alle sets spannend, mar ferlear de ploech fan Jeffrey Scharbaai wol mei 3-0. Kommend wykein spilet Snits thús tsjin Regio Zwolle. Dy ploech stiet ûnderoan yn de kampioenspûl.

Kampioenspûl

VC Snits stiet nei twa wedstriden op ien punt, dat se krigen omdat se yn de kompetysje tredde waarden. Yn de kampioenspûl steane se noch hieltyd op dat plak. De bêste twa ploegen fan de kampioenspûl nimme it úteinlik tsjininoar op om de kampioen te bepalen. Wol Snits dat helje, dan moat it yn fjouwer wedstriden in gat fan sân punten nei Sliedrecht of acht nei Apollo goedmeitsje.